Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof

febrewaris 6, 2023 08:32 Fernijd

Earstejiers studinten fan de oplieding kreatyf fakman fan it Friesland College presintearje eigen wurk yn Keramykmuseum Prinsessehof. De studinten lieten har ynspirearje troch in besite oan de útstallingen Feest! en Handle with Care.

Foto: Marieke Balk

Sa makken in stikmannich studinten wurk op basis fan it Meksikaanske deadefeest Dia de los Muertos en produsearren oare studinten in ferskaat oan foarwerpen, fan in tsiisplankje oant in Japansk masker en alderhande servysguod. De einresultaten en foto’s fan it ta stân kommen binne oant en mei snein 19 maart yn it Prinsessehof te sjen.

Under lieding fan keramykdosint Anne-Nynke Hoekstra besiten 24 studinten ein ferline jier it Prinsessehof, as ôftraap fan in tsien wike duorjend yn ’e kunde kommen mei basisfeardichheden keramyk yn it atelier fan Lies Keramiek. Mei op syn minst ien fan dy basistechniken en ynspiraasje út de útstallingen wurken se nei in einopdracht ta. It wurk fan Hilbert Haandrikman, Tein Betten, Marije van den Bos, Jasper Tjepkema, Damien Bezembinder, Nicole Remerij, Melle Heerlien, Judith Bijma, Bas Haijma, Dave Mulder, Dylan Wolters, Thijs Rienstra, Oetze Dijkhuizen, Lynde Winkel, Jacco Finnema, Jacco Blanken en Sylvana van Rijs is no yn it museum te bewûnderjen.

Foto: Prinsessehof Ljouwert

Feest!
Oan ’e hân fan tolve ferskillende feesten ûndersiket it Prinsessehof yn de útstalling hoe’t we yn Nederlân feest fiere, wat we fiere en mei wa. Yn ’e útstalling komme it bernefeest, Sineesk Nijjier, Karnaval, Pesach, it studintefeest, de jierdei, in selamatan, de brulloft, Eid al-Fitr (Sûkerfeest), Ketikoti, Divali en Kryst oan bod. De ferskillen tusken de fieringen binne grut, mar iten en drinken spylje hast altyd in belangrike rol, en dêrmei ek keramyk. Feest! bestiet út tolve ynstallaasjes mei keramyk út eigen kolleksje én dierbere foarwerpen fan feestfierders út hiel Nederlân. Yn de útstalling fertelle se yn audiofragminten alles oer harren fiering en tradysjes. Sa ûntstiet in ryk byld fan de feesten dêr’t we wichtige mominten mei markearje.

Handle with Care
Dy útstalling draait om de hân- en gebearuteringen fan yntimiteit, moederaasje, stilte, twang, arbeid en feest. De universele rol fan hannen en fingers yn it libben fan minske en bist is yn de útstalling yn keramyk fongen. Kurator dr. Wendy Gers selektearre foar Handle with Care 37 wurken dy’t dat as tema hawwe. De útstalde wurken fariearje fan archeologyske fynsten oant de nijste hjoeddeiske oanwinsten, brûklienen fan opkommende keunstners en pearels út it depot fan it Prinsessehof. In eklektyske samling út ferskillende tiden en streken, dêr’t bekende en ûnbekende makkers harren yndrukken soms letterlik yn de klaai efterlitten hawwe.

De útstalling Feest! wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaanfûns, VSB-fûns, Stichting it Ald Burgerweeshûs, Ljouwerter Undernimmersfûns, Feriening Freonen fan Keramykmuseum Prinsessehof, Stichting Zabawas en Stichting it Nije Stedsweeshûs. Foar de útstalling waard gearwurke mei it lanlik edukaasjeprojekt Feest! Weet wat je viert, in inisjatyf fan Museum Catharijneconvent. De útstalling kaam ynhâldlik ta stân tanksij de help fan in protte minsken.

febrewaris 6, 2023 08:32 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.