Steateferkiezingen 2023: Wat wol it CDA mei it Frysk?

febrewaris 15, 2023 08:50

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As earste it CDA dat 8 sitten helle yn 2019.

 

CDA: Foar en mei de minsken fan Fryslân
(program yn it Frysk en it Hollânsk)

 

 

 

Under it haadstik Taal, kultuer en sport in apart sub-haadstikje Taal:

Taal 

De Fryske taal is wetlik ferankere yn de ‘Wet gebrûk Fryske Taal’. Us ynset hat der de ôfrûne jierren ta laat dat de Fries him mear uterje kin yn syn as har eigen taal. Der is romte kommen foar uteringen, gebrûk en werkenberens fan it Frysk en de streektalen lykas it Bildts, Stellingwerfs en ûnderskate soarten Stedsfrysk. Dit wolle wy trochsette troch:

  • Mear Frysk yn iepenbiere romten.
  • Eigen ûnderwiisynspeksje oer it Frysk.
  • Troch it Ryk folsleine bekostiging fan ûnderwiis yn it Frysk.
  • Frysk prate moat altyd mooglik wêze by rjochtbank en gerjochtshôf. De provinsje regelet dat de Fryske tolken probleemleas ynset wurde kinne as der ferlet fan is en ek fatsoenlik betelle wurde.
  • Aktive ynset fan de provinsje by it ûntwikkeljen en honorearjen fan plannen om it lêzen yn it Frysk te stimulearjen.

Lês hjirre wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

febrewaris 15, 2023 08:50
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Jehannes febrewaris 15, 14:15

    It CDA is generaasjes oan de macht west, wat hat dat foar Fryslan en it Frysk opsmiten? Moaie wurden wilens de kampagne, mar dan? Hugo de Jonge woe it hertsintrum yn Grins slute, it CDA yn Fryslan wie foar iepen halde. Wer stimme je op as je CDA stimme? Op goede bedoelingen fan Fryske CDA’ers die nea in fust meitsje nei harren eigen partij yn Den Haach.

  2. Frâns Kuipers, earder Steatelid en wurdfierder Frysk en ûnderwiis febrewaris 15, 15:49

    Beste Jehannes, efkes by it ûnderwerp bliuwe en net alles de by helje. It giet no oer it Frysk en de útstellen fan it CDA oangeande it Frysk sjogge der goed út.
    Wat my oanbelanget soe der in stribjen wêze/komme moatte om learkrêften, mei it foech Frysk, twa skalen heger te beteljen as sy Fryske taal ûnderwize oan bern, pubers, en studinten oan it MBÛ en it HBÛ. 

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.