Steateferkiezingen 2023: Wat wol Provinciaal Belang Fryslân mei it Frysk?

febrewaris 27, 2023 08:01 Fernijd

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As trettjinde Provinciaal Belang Fryslân dy’t gjin sit helle yn 2019.

 

Provinciaal Belang Fryslân: Lokaal Earst!
(program yn it Frysk en it Hollânsk)

 

 

Under de kop Sport in Fryslân ien spearpunt dêr’t it Frysk yn neamd wurdt:

● Stimulearje en it befoarderjen fan de Fryske kultuer mei spesjale oandacht foar de eigen Fryske taal, streektalen, dialekten en Fryske sport.

Lês hjir wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

febrewaris 27, 2023 08:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.