Steateferkiezingen 2023: Wat wol de SP mei it Frysk?

febrewaris 23, 2023 08:01 Fernijd

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As njoggende de SP dy’t 2 sitten helle yn 2019.

 

     SP: Ús Fryslân
(program yn it Frysk en it Hollânsk)

 

Under it haadstik Ús kultuer stiet it folgjende oer de Fryske taal:

Fryske Taal, Erfguod

De Fryske taal is ien fan de twa erkende Rykstalen en de Fryske kultuer is in kultuer op himsels. De SP fynt it wichtich dat de Fryske taal in libbene taal bliuwt en dat de Fryske kultuer stimulearre wurdt. Wy wolle it brûken fan it Frysk op allerhande mêden befoarderje.

Dêrom wolle wy:

  • Wy behâlde en stimulearje it brûken fan de Fryske taal en kultuer en meitsje dat sichtber;
  • De Fryske taal, kultuer en sport wurdt op skoallen by de lanlike oerheid promoate;
  • Der komme fakdosinten, sadat elke skoalle goed Frysk ûnderwiis jaan kin;
  • De Fryske Akademy sil in wichtige rol spylje op alle tema’s dy ’t mei de Fryske taal en kultuer te meitsjen hawwe;
  • Wy fiere yn Fryslân in twatalenbelied (Frysk en Nederlânsk);
  • Wy stypje de wichtige Fryske musea om de Fryske skiednis te bewarjen;
  • Omrop Fryslân krijt foldwaande subsydzje;
  • Wy stimulearje de basis fan taal – en kultueruterings, lykas dûns, muzyk, toaniel ensfh.
  • De provinsje nimt it foartou op it mêd fan taal, kultuer, ensfh.

Lês hjir wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

febrewaris 23, 2023 08:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.