Steateferkiezingen 2023: Wat wol de PVV mei it Frysk?

febrewaris 22, 2023 08:01

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As achtste de PVV dy’t 3 sitten helle yn 2019.

 

    PVV: De PVV is der foar jo!
     (program yn it Frysk en it Hollânsk)

 

Under it haadstik Kultuer & ymmigraaasje in apart sub-haadstik oer it Frysk:

Behâld en befoarderje fan de Fryske taal, kultuer & tradysjes
Wy binne grutsk op ús taal, kultuer en tradysjes. De Fryske taal is in wichtich ûnderdiel fan ús identiteit en de provinsje moat it Frysk dêrom oanhâldend stimulearje yn sawol it ûnderwiis as yn it maatskiplik libben. Dit betsjut dat yn it ûnderwiis bliuwend les jûn moat wurde yn de Fryske taal en fan deselde kwaliteit moat wêze as it lesjaan fan de Nederlânske taal. De provinsje stekt hjir alle jierren miljoenen yn, mar der wurdt amper tafersjoch hâlden op de effekten en dat moat feroarje. Benammen no’t we yn in tiid libje dêr’t ús kultuer en tradysjes hieltyd fierder ûnder druk komme, is it wichtich om hjir in prioriteit fan te meitsjen en de kwaliteit fan it lesjaan yn it Frysk te beweitsjen. It wurdt heech tiid dat de wet- en regeljouwing, dy’t hjir al jierren foar bestiet, hanthavene wurdt.

Us oplossing:
* Genôch jild foar ûnderwiis yn it Frysk en de Fryske kultuer; dit moat lykop gean mei it weitsjen foar kwaliteit en hanthavening.

Lês hjir wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

 

febrewaris 22, 2023 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.