Steateferkiezingen 2023: Wat wol de Partij voor de Dieren mei it Frysk?
Resint ferskynd
Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As alfde de Partij voor de Dieren dy’t 1 sit helle yn 2019.
Partij voor de Dieren: Je kunt nu nog kiezen
(program allinnich yn it Hollânsk)
Under it haadstik Rechtvaardige economie, bloeiende samenleving ien sintsje oer it Frysk:
De Friese taal is als tweede officiële rijkstaal belangrijk voor de Friese identiteit en de Friese Cultuur en verdient zodoende structurele provinciale steun.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje