Steateferkiezingen 2023: Wat wol de Boer Burger Beweging mei it Frysk?

febrewaris 28, 2023 08:01 Fernijd

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As fjirtjinde de Boer Burger Beweging, dy’t yn 2019 net meidie oan de ferkiezingen.

 

 

Boer Burger Beweging: De stim fan en foar Fryslân
(program yn it Frysk en it Hollânsk)

 

 

Under it haadstik SÛNE MAATSKIPPIJ stiet ûnder it kopke taal oer it Frysk:

TAAL

Ús maatskippij en kultuer is ûnskiedber ferbûn mei de Fryske taal. Ús Fryske taal is as twadde Rykstaal in wichtige drager fan ús identiteit en hat in binende faktor yn de Fryske mienskip. As hoeder fan de taal stiet de provinsje, tegearre mei it Ryk, gemeenten en it Wetterskip oan de latte foar it behâld en stimulearjen fan it Frysk. Sa moat de provinsje der bygelyks op tasjen dat yn basis – en fuortset ûnderwiis it fak Fryske taal en kultuer jûn wurdt, mar ek dat der genôch foechhawwende learkrêften oplaat binne en lesmaterialen ûntwikkele wurde.

By de Speerpunten:

  • De Fryske taal wurdt yn de provinsje safolle mooglik befoardere.
  • De provinsje soarget foar in better twatalich (Frysk / Nederlânsk) ûnderwiis op de legere en middelbere skoallen.


Lês hjir wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

 

febrewaris 28, 2023 08:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.