Steateferkiezingen 2023: Wat wol 50PLUS mei it Frysk?

febrewaris 26, 2023 08:01 Fernijd

Op 15 maart meie we nei de stimbus om ús fertsjintwurdigers yn Provinsjale Steaten te kiezen. As Ried fan de Fryske Beweging ha we de partijprograms fan de santjin partijen dy’t yn Fryslân meidogge, spesjaal besjoen op de stânpunten en foarnimmens oangeande it Frysk. Yn oanrin nei dy ferkiezingen publisearje we alle dagen op It Nijs de bydrage sa’t dy yn de ûnderskate partijprograms oer it Frysk opnommen is. Foar de folchoarder fan publisearjen hâlde we de grutte fan de partijen by de ferkiezingen yn 2019 oan. Troch tuskentiidske ôfsplitsingen is it politike lânskip yn de Steaten yntusken wer feroare.
As tolfde 50PLUS, dy’t 1 sit helle yn 2019.   

 

 

50PLUS (progam hat gjin titel)
(program allinnich yn it Hollânsk)

 

Under de kop Cultuur, sport, recreatie en erfgoed it folgjende oer it Frysk:

Behoud van cultuur en taal vereist een eigen Friese culturele infrastructuur. Meer geld voor – actieve en passieve – kunst, cultuur en sport.

Taal en cultuur dragen in grote mate bij aan de identiteit en het welzijn van mensen. De Friese taal en cultuur bindt een groot deel van de Friese bevolking en is eigen aan de provincie. Ze dragen daardoor sterk bij aan de mienskip.

Lês hjir wat de oare partijen mei it Frysk wolle.

 

febrewaris 26, 2023 08:01 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.