Spaanske film oer moard op Nederlânske boer bekroane mei César

febrewaris 27, 2023 08:35 Fernijd

De Spaanske spylfilm As Bestas oer de Nederlânske bioboer Martin Verfondern dy’t yn 2010 fermoarde waard nei in skeel mei syn buorlju, hat freedtejûn de César foar bêste bûtenlânske film krige. De César is de Frânske tsjinhinger fan de Oscar.

Regisseur Rodrigo Sorogoyen (foto: Wikipedia/Pedro J. Pacheco eigen wurk – CC BY-SA 4.0)

As Bestas is in thriller, basearre op it ferhaal fan in ta Nederlanner naturalisearre Dútser dy’t yn it buorskip Santoalla yn Noardwest-Spanje in skeel mei syn buorlju krige oer de opbringsten fan de houtkap. Nei in út de hân rûne rûzje waard Verfondern deasketten. Syn lichem en auto waarden pas jierren letter by tafal weromfûn. Beide soannen fan de buorlju waarden yn 2018 feroardiele yn de moardsaak.

It ferhaal fan de film is dus basearre op wier barde feiten, mar der binne wol oanpassingen. Sa stiet in Frânsk pear sintraal en giet de rûzje mei de buorlju oer in wynmûnepark. Earder wie As Bestas fan regisseur Rodrigo Sorogoyen al yn ’e prizen fallen by de Goya’s, de wichtichste Spaanske filmûnderskieding. De film is yn Spanje ek in grut kommersjeel sukses.

Grutte winner by de Césars wie de Frâns-Belgyske produksje La Nuit du 12, oer in moardsaak op in jonge frou yn ’e Frânske Alpen. Resjersjeurs slagje der net yn om de dieder te efterheljen. De film krige seis prizen, mei dêrûnder dy foar bêste film, bêste regy en bêste senario.

By de útrikking joech Hollywoodstjer Brad Pitt in earbetoan oan de mei in eare-César lauwere regisseur David Fincher. De twa hawwe by ferskate films gearwurke.

febrewaris 27, 2023 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.