Soad mooglikheden om Sealterfrysk te learen

febrewaris 9, 2023 15:22
Foto: Oldenburgische Landschaft

Der wurde yn 2023 ferskillende kursussen jûn om it Frysk fan Sealterlân better te learen. Neidat der jierren gjin mooglikheid wie om it Sealterfrysk te learen, waarden ferline jier foar it earst wer taalkursussen oanbean.

Yn maart en septimber geane yn Skäddel begjinnerskursussen fan tsien lessen fan start. Fierder is dêr yn septimber in trochsetterskursus. De folkshegeskoalle yn Leer biedt in begjinnerskursus fan fiif wike oan.

De kursussen wurde jûn troch Veronika Pugge, Margot Tameling en Wolter Jetten (foto). Veronika Pugge jout nei de simmerfakânsje ek in fak Sealterfrysk op de universiteit fan Oldenburch.

Sealterlân leit yn Dútslân yn de provinsje Kloppenburch. Mei ús Frysk en it Noard-Frysk yn de Dútske provinsje Noard-Fryslân foarmet it de Fryske taalfamylje. De Nederlânske Friezen Wolter Jetten, Henk Wolf en Tjallien Kalsbeek wurkje yn it Sealterlân mei de Sealterfriezen gear om mei harren ûnderfinings de ferhûddûke Fryske taal dêr wer boppe Jan te krijen.

Foar mear ynformaasje:
https://www.minderheitensekretariat.de/2023/02/09/saterfriesischkurse-im-jahr-2023/

febrewaris 9, 2023 15:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.