SjONG 2023: wurkateliers fan Fryske artysten
Resint ferskynd
Oftraap op VPO Tjalling Koopmans Hurdegaryp
SjONG, it Fryske sjongfestival foar 12-18-jierrigen, belûkt mear Fryske artysten as oait by de kommende edysje. Elske DeWall, Raynaud Ritsma, Sytse Broersma, Bruno Rummler en Wietske de Boer komme sw jongerein te help. De ôftraap fan SjONG 2023 is moandeitemiddei 13 febrewaris op VPO Tjalling Koopmans yn Hurdegaryp.

Boarne: Cedin
Om jongerein te entûsjasmearjen en te helpen by it skriuwen fan harren Fryske sjongtekst, jouwe Raynaud Ritsma, Bruno Rummler en Wietske de Boer yn febrewaris, maart en april workshops op skoallen. Dielnimmers kinne har oant 20 april 2023 opjaan. Mar ek dêrnei kinne se noch rekkenje op Fryske artysten. Mei Elske DeWall, Sytse Broersma en Raynaud Ritsma wurkje de dielnimmers by de tarieding op de finale respektyflik oan harren sang- en muzykkwaliteit, tekstpresintaasje en poadiumpresintaasje.
Dat bart allegearre yn gearwurking mei mbû-studinten fan de OntwerpFBRK fan ROC Friese Poort (opliedingen Podium- en Evenemententechniek, TV- en Mediaproducties en Mediavormgever Drachten).
Oftraap
Moandei 13 febrewaris is de earste SjONG-sjop fan 13.30 oant 14.50 op VPO Tjalling Koopmans yn Hurdegaryp. Dy wurdt jûn troch Raynaud Ritsma en Dirk Lennart Hogeveen fan Vangrail. Sy sille mei sa’n sechstich twaddeklassers muzyk meitsje en Fryske sjongteksten op besteande meldijen skriuwe.
Wat is SjONG?
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongelju fan 12 oant en mei 18 jier. It wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. SjONG wurdt dit jier foar de tsiende kear holden. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaökebân. De bêste acts geane troch nei de finale, dit jier op 17 juny yn Neushoorn Ljouwert. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje