Sint Piter wer yn Grou
Resint ferskynd
Under grutte belangstelling binne Sint Piter en Aldemar hjoed wer mei de boat yn Grou oankommen. In tradysje dy’t al 120 jier âld is. Se waarden wolkom hjitten troch boargemaster Sybrand Buma.

Foto: Nynke Beetstra
Einlings koe it feest wer yn folle gloarje trochgean, nei’t it de ôfrûne twa jier fanwege koroana behelpen west hie. Sint Piter wie dan ek bliid dat er wer mei de Grouster bern fûstkje en prate koe. Trije jier lyn wie Aldemar dy’t yn in beamhut yn de Alde Feanen wennet, der foar it earst by. Doe’t Swarte Pyt op wrâldreis gie, waard hy de nije feint fan Sint Piter.
Op It Grien waard Sint Piter tasongen troch in bernekoar mei âlde en nije Sint Piterlieten. Dy lieten binne byinoar brocht yn it nagelnije Sint Piter Sjongboek dat earder oanbean wie oan boargemaster Buma. Sint Piter hat de kommende wike in drok programma foar de boech en ferbliuwt salang yn de Sint Pitertsjerke. Ek wurdt der wer in Sint Pitermearke opfierd yn Grou. Op syn jierdei, 21 febrewaris, set Sint Piter wer ôf.
Sjoch ek: www.sintpiter.nl/fy.

Foto: Nynke Beetstra
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje