Simone Djurrema: Reedride of iisfiskje
Resint ferskynd
Kollum
It is al hiel lang lyn, ik tink mear as tritich jier, dat ik yn Earnewâld op ‘e redens stie. Ik wenne yn elts gefal noch thús, en we wennen al op ‘e Sumarreheide, want ik wit noch dat we de hûn – ús Quibus – mei hiene. Dy hat my noch lutsen. En nóch folle langer lyn, doe’t ik noch hiel jong wie, moast ik sa nedich nei de wc; doe haw ik noch earne efter de beskoeiïng sitten. Ik moast dochs wat.
Doe’t de bern yn Earnewâld op skoalle giene, ûngefear fyftjin jier lyn, moasten se ek op ’e izers. Dat wie foar ús jonkje in regelrjochte kwelling, mar hy moast fan skoalle. Der foel net oer te praten, sels net wylst er problemen mei de spieren hie en derfoar nei it sikehûs moast. Och heden, dat wie ik hielendal fergetten! Hy sil der wol oerhinne groeid wêze, want it is no in spiersterke keardel! Mar ik tink dat er nea wer besykje sil om te reedriden. It soe my net fernuverje as er der min of mear in trauma oan oerholden hat.
It reedriden begûn yn ’e prehistoarje al op bonken fan kij, harten of hynders. Op Wikipedy stiet dat de riders de bonken sa bewurken dat se oanbûn wurde koene. Mar de Sweedske Wikipedy hâldt út dat se der earst ek los op stiene. Dan hiene se in stôk mei in skerpe punt deroan en treaune se harsels mei de stôk tusken de fuotten foarút. Se neamden se islägg. Dat lägg hat te meitsjen mei it Ingelske wurd leg, it Fryske skonk. (https://sv.wikipedia.org/wiki/Isl%C3%A4gg)

Op iislägg. Tekening Sidenswansen, boarne Wikimedia Commons CC BY-SA 4.0
Foar kening Oscar II, dy’t fan 1829 oant 1907 libbe, waarden hiel oare redens makke. Dy hjitten dan ek, krekt as no, skridskor. Trêdskuon, soene wy sizze. Eins wol hiel logysk.

Redens foar kening Oscar II. Foto Av Göran Schmidt (publyk domein)
It reedriden hjir, yn Sweden, dat is wer wat oars. In iisbaan sa’t wy dy kenne, hawwe se hjir net echt, mar se “spiele” iisbanen, sa’t se dat neame. Se meitsje in râne fan 20 oant 30 sm heech, lizze plestik yn de romte dy’t dêrmei foarme is en litte dy fol wetter rinne. As dat befriest is it klear. Efter de sporthal hawwe se by moai waar ien fan wol hast 100 m2 makke. En by skoallen meitsje se faak lytskes.

Reedride op de Vänern (eigen foto)
Op de Vänern (de grutste mar fan Sweden) kin net sa faak reedriden wurde. Dan moat it bêst frieze. Wy hawwe der al ris west te sjen en doe wie it iis brutsen en wer opnij beferzen. Dêr hoegdest gjin reed op te setten! Op de lytsere marren wurdt noch wol ris in baan skood.
Mocht men wol te riden wolle, dan binne der hiel wat dingen dêr’t men om tinke moat. Sweden is it lân fan de feiligens en de fersekeringen! Men kin net, lykas yn Fryslân, samar op it iis stappe en fuortride! O heden nee! As ik googelje kom ik sites tsjin dy’t foar groepen reedride op natueriis oanbiede, en dêr’t by stiet dat minsken dy’t gjin goede útris hawwe, wegere wurde. Hjir binne de tips fan it tydskrift Land:
Feilichheid by it reedriden
Bliuw op de banen. Banen dy’t krekt skood binne, binne kontrolearre en dy hawwe boppedat swiere masinen holden, dat dêr kinst rop rekkenje dat it iis hâldt. Mar bûten de banen bist dêr net wis fan.
Iispriemmen fansels. Net ien giet sûnder; dat kin gewoan net.
In lange iispripper, in feilichheidsline, drûge klean en in fluitsje. Dat soe op banen dy’t skjinfage binne net nedich wêze moatte, mar guon ride dêr net iens sûnder feilichheidsútris, en wa kin der no wat fan sizze? En dan is der noch de rêchsek mei in riem om ‘e mul, oer it boarst en tusken de fuotten troch.

Eigen foto
As dat te folle wurdt kin men altyd noch in bit yn it iis hakje en fiskje.
Sjoch mar nei de foto fan it lytse jonkje!
Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje