Ried fan Europa: aksje nedich foar Frysk yn rjochtbank en op universiteit
Resint ferskynd
Nederlân moat sa gau mooglik risselwaasje meitsje om de posysje fan it Frysk yn ’e rjochtbank en yn it ûnderwiis te ferbetterjen. Dat skriuwt de Ried fan Europa yn in kritysk rapport oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen troch Nederlân.
Neffens de Ried fan Europa is it plak fan it Frysk yn ’e rjochtbank en op ’e universiteit de lêste jierren efterút buorke. Friezen dy’t foar de rjochter komme, moatte altyd de mooglikheid hawwe om Frysk te praten, sa stiet yn it rapport. Yn it gefal dat dat problemen opsmyt, soe der altyd in profesjonele tolk beskikber wêze moatte. Yn ’e praktyk wurde dy tolken al sûnt de hjerst fan 2021 net of amper ynhierd, fanwegen in skeel tusken de tolken en it ministearje fan Justysje oer harren fergoeding.
De Ried is fierder fan miening dat Fryskpratende minsken de kâns krije moatte om mei te praten oer it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer. Op it stuit binne amtners fan provinsje en Ryk oer in nij bestjoersakkoart yn petear. De petearen wurde efter tichte doarren fierd. Neffens de Ried fan Europa kin dat proses wol wat transparanter. De Ried stiet der by Ryk en provinsje op oan om ek fertsjintwurdigers fan Fryskpraters by dy petearen te beheljen.
It plak fan it Frysk op ’e universiteit freget neffens de Ried fan Europa om ‘in strukturele oplossing en in foltiidse heechlearaar’. It wol of net beskikber wêzen fan it Frysk by de Ryksuniversiteit Grins, soe neffens de Ried fan Europa net ôfhinklik wêze moatte fan in Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), dêr’t alle fjouwer jier opnij oer ûnderhannele wurdt. De Ried fan Europa skreau it advys foardat bekend waard dat Arjen Versloot foar twa dagen wyks as heechlearaar Frisistyk yn Grins oan ’e slach sil.
It Europeeske Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen, dat sûnt 1998 fan krêft is, wurdt om ’e trije jier troch in kommisje fan saakkundigen hifke. Foar Nederlân is op it stuit de Limburchske René de Groot lid fan dy kommisje. Yn ’e simmer fan 2022 waard by de fisitaasje oan Fryslân neigien oft Nederlân oan alle ôfspraken yn it Hânfêst foldocht en oft der sprake is fan foar- of efterútgong. Op ’e rjochtbank en oan de universiteit is neffens de Ried fan Europa sûnder twivel sprake fan efterútgong. Om dy reden stiet de Ried fan Europa der by Nederlân op oan om op dy ûnderwerpen fuortdaliks aksje te ûndernimmen.
Deputearre Sietske Poepjes seit dat se it byld weromken, oangeande de oanbefelling om it plak fan it Frysk yn ’e rjochtbank better te regeljen. “Op papier is it regele, mar yn ’e praktyk net. Wy moatte it dêr mei it regear oer hawwe.” De deputearre hie ferline wike noch in petear op it ministearje fan Feiligens en Justysje oer it plak fan it Frysk yn ’e rjochtbank. Neffens frou Poepjes hiene net alle amtners by it Ryk de ynternasjonale ferplichtingen fan Nederlân foar it Frysk like skerp foar eagen. “Mar no wol. Ik haw der betrouwen yn dat it oan ’e ein fan it jier better regele is.”
Frysk op skoalle
De Ried fan Europa is ek kritysk op oare ûnderdielen fan it Hânfêst. It ûnderwiis yn it Frysk kin en moat en stik better. De Ried fan Europa jout dêr ek in rjochtline foar. Wol ûnderwiis yn it Frysk resultaat opsmite, dan soene basisskoallen eins op syn minst trije oeren wyks lesjaan moatte yn dy taal. Tritich oant sechstich minuten Frysk yn ’e wike, wat no by guon skoallen de praktyk is, is neffens de Ried net genôch. De Ried is ek fan betinken dat yn Fryslân alle skoalbern lessen oer de Fryske skiednis en kultuer krije moatte soene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje