Regeling earlike beleanning begjinnende artysten
Resint ferskynd
Under de namme Fair Practice in Practice organisearret Platfoarm Popkultuer Fryslân opnij in regeling dêr’t in begjinnend artyst in earlike beleanning foar in optreden mei kriget.

Foto: Rick Slagter
Troch gaazjes oan te foljen oant in earlik bedrach, soarget Platfoarm Popkultuer Fryslân derfoar dat it foar poadia oantrekliker is om begjinnende, mar tige talintfolle artysten te boeken. Foar in artyst of band kinne fiif oanfragen yn it jier dien wurde, de regeling jildt foar hiel 2023.
Platfoarm Popkultuer Fryslân hat mei Neushoorn yn Ljouwert, Iduna yn Drachten, It Bolwurk yn Snits, de festivals Welcome tot the Village en Explore the North en de popkoepel FrieslandPop ôfspraken makke oer in minimale fergoeding dy’t artysten krije. Dat wurdt troch it platfoarm oanfolle ta in earlik bedrach. De regeling is ek oan te freegjen as in optreden by in lokaasje is dy’t net oansletten is by de fair practice-ôfspraken fan Platfoarm Popkultuer, sels foar optredens bûten Fryslân.
Om gebrûk te meitsjen fan de regeling moat in artyst of band oan in stikmannich betingsten foldwaan. Se moatte benammen eigen wurk spylje, in profesjonele ambysje hawwe om binnen en bûten de provinsje foet oan ’e grûn te krijen, beskikke oer de juste rânebetingstlike materialen om in opdracht oangean te kinnen en profesjoneel en adekwaat op saaklik mêd hannelje.
De regeling is oan te freegjen fia frieslandpop.nl/regelingen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje