Provinsje Fryslân sjocht kânsen foar Greidhoeke as bioregio
Resint ferskynd
De provinsje Fryslân sjocht kânsen om fan ‘e Greidhoeke in bioregio te meitsjen. Dat betsjut dat besocht wurdt om safolle mooglik regeneratyf, natuerynklusyf of biologysk te buorkjen en dat oan it stimulearjen fan lokale konsumpsje te keppeljen.

Boarne: Provinsje Fryslân
De Greidhoeke is rûchwei it klaaigreidegebiet tusken Ljouwert, Snits, Boalsert, de Iselmarkust en Frjentsjer. Njonken de neamde gemeenten wurkje de provinsje Fryslân, de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân as ‘Greidhoeke Plus’ ek al nau gear mei inisjatyfgroepen yn it gebiet. Mei oanbelangjenden út ’e lânbou, natuer, sûnenssoarch, iten, ûnderwiis en doarpsbelangen wurdt no in earste ferkenning dien om te ûndersykjen oft de Greidhoeke in bioregio wurde kin. As dat it gefal is, komt der in plan fan oanpak foar de kommende tsien jier.
Wat is in bioregio?
De Europeeske Kommisje en it ministearje fan Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit (LNV) wolle dat 15 -25% fan it lânbou-oerflak yn 2030 biologysk wurdt. Op it stuit sit Nederlân op 4%.
Dêrfoar is in oergong nei in duorsum lânbou- en fiedingssysteem nedich mei omtinken foar natuer, bioferskaat en de sûnens fan de minske. Troch it djoerder wurden fan de sûnenssoarch komt der hieltyd mear omtinken foar previnsje troch ûnder oare iten om dêrmei sykten foar te kommen. In sûne grûn, goed bioferskaat en produkten fan safolle mooglik lokale duorsume boerebedriuwen binne dêr de basis foar.
Greidhoeke as proefregio natuerynklusive lânbou
De Greidhoeke is by útstek geskikt as proefregio om’t dêr al in soad op it mêd fan natuerynklusive lânbou dien wurdt. It is ien fan de acht gebieten yn de Regio Deal Natuurinclusieve Landbouw dêr’t fia gebietsprosessen en inisjativen fan ûnderen yn stribbe wurdt nei in natuerynklusyf plattelân. Dêrneist binne der tal fan inisjativen dy’t al bydrage oan de neamde oergong mei projekten dy’t har rjochtsje op it oanbod fan sûn iten tichteby hûs lykas yn Sibrandabuorren, Makkum, Heech en Grou. It idee foar in bioregio komt fan buro Avalon út Lens. Dat hat de koördinaasje fan de ferkenning op him nommen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje