Poppe nei 18 oeren rêden út metersdjippe put yn Tailân
Resint ferskynd
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
- Anna Maria van Schurmanlêzing troch Annette Nobuntu Mul op 6 april 1
- Doede Wiersma: De rjochtfeardige wint libben op ’e dea 0
Rêdingswurkers yn Tailân hawwe nei in oerenlange rêdingsoperaasje in ienjierrich famke út in put fan fyftjin meter djip rêden. It famke bliek net slim ferwûne te wêzen.

Kassaveplantaazje (foto: pixabay.com)
It bern foel moandeitejûn (pleatslike tiid) yn ’e put op in kassavebuorkerij yn it noarden fan Tailân, dêr’t har âlden oan it wurk wiene. Achttjin oere letter wisten de rêdingswurkers har te befrijen. Hja hearden it bern roppen, krekt nei’t it fallen wie. Mei in kamera waard de situaasje yn ’e put besjoen. Dêrnei waard mei in slang soerstof yn ’e put pompt.
Ynstoartingsgefaar
It famke is úteinlik befrijd fia in gat dat tritich sintimeter njonken de put groeven waard. “It like yn it begjin in maklike operaasje te wurden, mar doe’t we begûnen te graven stjitten we al gau op hurde stiennen dêr’t de graafmasines mei muoite trochhinne komme koene”, fertelt in lokale politikus dy’t by de rêdingsoperaasje oanwêzich wie.
Dêrnjonken wie der it risiko dat de put dêr’t it famke yn siet, by it graafwurk ynstoarte koe. Nei’t se út de put befrijd wie, waard it famke op in needbêd nei in sike-auto droegen en nei it sikehûs ta riden. “Hja is no feilich. In bytsje wurch, mar net slim ferwûne”, seit de politikus.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje