Pier Bergsma: Gemeentlik taalbelied
Resint ferskynd
Skôging

Boarne: Wikipedia – publyk domein
Yn de Ljouwerter fan 8 febrewaris klaget sjoernaliste Maria Del Grosso oer de negative hâlding fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Jongfryske Mienskip as it bygelyks giet om de beneaming fan bestjoerders. Mei dêrtroch begûn se har entûsjasme om oer it Frysk te skriuwen te ferliezen. Sitaat: “Waarom? Omdat vanuit sommige organisaties steeds dezelfde mantra terugkwam. Altijd weer die vermanende brieven als er een bestuurder benoemd moest worden in Friesland. Of het nu om een Commissaris van de Koning of een burgemeester ging. De Ried fan de Fryske Beweging, de Jongfryske Mienskip, ze kropen in de pen om erop te wijzen dat deze bestuurder toch zeker het Fries moest beheersen.”
Se hat gelyk, der wurdt in soad eamele sûnder dat soks wat opsmyt. Dat nimt net wei dat de eask om Frysk te ferstean en te praten troch bestjoerders en troch de polityk fan grut belang is. It wie dêrom net om ’e nocht dat de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel tongersdeitejûn 2 febrewaris in gearkomste beleine oer gemeentlik taalbelied.
Ik hie der ferline jier alris in brief oer skreaun oan it gemeentebestjoer fan Tytsjerksteradiel mei as wichtichste konklúzje dat se it taalbelied kreas op papier hawwe, mar der yn de praktyk net in soad oan dogge, om it mar ris freonlik te sizzen. Sjoch myn stik op It Nijs ‘Tytsjerksteradiel en it gevelfrysk’ fan 28 oktober. Ien en oar wie foar my in reden om nei dizze gearkomste yn Bûtenpost ta te gean. Der wiene mear as hûndert minsken, net allinne riedsleden en wethâlders, mar ek belutsen boargers.
It wie in slagge gearkomste, benammen troch de nijsgjirrige presintaasje troch Mirjam Vellinga fan de Afûk oer sichtberens fan de taal mei in tal aardige foarbylden hoe’t soks op in ienfâldige wize al dien wurdt. By in AH-winkel ‘Nim hjir jo karre’, foar Kiss and Ride: ‘Tút en derút’, in buordsje yn it gers: ‘gewurde litte’ en hiel aardich, in reklame: ‘Alle BH’s 50% koarting, foar dat jild kinne jo se net hingje litte’. Frou Vellinga kaam dêrneist mei foarbylden út it bûtenlân en mei ynformaasje oer subsydzjemooglikheden om de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen.
Tuskentroch wie der in Frysktalich muzikaal optreden fan Rowan Veltman. Sjoch it filmke ûnderoan.
Neist de presintaasje wie der rom gelegenheid om yn diskusje te gean oer it taalbelied fan de beide gemeenten. Dat gie oan ’e hân fan stellingen dêr’t elkenien op reagearje koe mei it mobyltsje en de saneamde ‘mentimeter. Op de fraach ‘Wat is de rol fan de gemeente as it om it Frysk giet?’ kaam benammen de reaksje dat de gemeente in foarbyldfunksje hat.
Sels haw ik as reaksje jûn dat der sa stadichoan genôch ideeën en foarbylden binne, mar dat it derop oan komt om der wat mei dien wurdt. Oars is sa’n jûn as dizze folslein sinleas. Sa kom ik wer terjochte by Maria Del Grosso. Se hat grut gelyk dat geëamel net helpt en ik kin begripe dat se der betiden moedeleas fan wurdt. Fan de oare kant wurd ik betiden moedeleas fan dat gepraat en geskriuw dêr’t yn de praktyk neat mei dien wurdt. En fansels hat frou Del Grosso grut gelyk mei har:
Dat Fries spreken en hoog houden, dat moeten we zelf doen.
Om’t myn trein troch de staking net ried, haw ik ús útstel oer de e-post ynlevere:
Om’t yn de takomst der grif in foarm fan fúzje/weryndieling komme sil tusken de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, is it logysk om yn Achtkarspelen de talen fan de plaknammen by ferfanging fan de kombuorden om te draaien. Dus de Fryske namme boppe en de Nederlânske derûnder. By sa’n proses hawwe de gemeenten te krijen mei de Wet Arhi (Algemene regeling herindeling). Dy seit dat alle besteande regelingen harmonisearre wurde moatte. Dus ek alle regelingen foar de Fryske taal. No kinne de Frysktalige plaknammen fan Tytsjerksteradiel op basis fan it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ net mear ferdwine, mei as gefolch dat dy yn Achtkarspelen oan dy fan Tytsjerksteradiel oanpast wurde moatte. Troch op dat proses te antisipearjen – lykas yn De Fryske Marren – kinne de ynwenners fan Achtkarspelen de kommende jierren wenne oan dy krekt wat Fryskere nammen en hawwe de gemeenten yn de takomst minder kosten.
Wy hawwe it oer krekt wat Fryskere nammen, ommers der feroarje by de measte nammen mar ien of twa letters.