Pianokonsert Rob Faltin op snein 2 april yn Menistetsjerke Ljouwert
Resint ferskynd
Snein 2 april jout Rob Faltin, earder lid fan it Keninklik Konsertgebou-orkest, en bekend as Rob du Jardin, in pianokonsert dat soms fier fan moai klinke sil. Hy spilet mei it tema ‘skjintme’, troch Bach en atonale ymprovisaasjes mei-inoar ôf te wikseljen. It konsert is yn de Menistetsjerke yn Ljouwert. De opbringst giet nei it projekt Open Doors fan de tsjerke.
By it projekt Open Doors fan de Menistegemeente Ljouwert binne jongfolwoeksenen yn Fryslân en Yndonezië behelle. It doel fan it projekt is om de ferbining tusken de gemeenten yn Yndonezië en Fryslân fuort te sterkjen. Yn 2024 sille jonge minsken út Fryslân nei Yndonezië reizgje en dêr kontakt mei Yndonezyske jongelju hawwe en meiwurkje oan goededoeleprojekten. Dêrnei sille jonge minsken út Yndonezië Fryslân besytsje. In oar part fan de opbringst fan it konsert giet nei it Hûs fan Seiningen yn Yndonezië, in deibesteging dêr’t minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk byinoar komme.
Rob Faltin komt út Switserlân en wennet sûnt 1989 yn Amsterdam. Hy wie acht jier lid fan it Keninklik Konsertgebou-orkest. Sûnt 2001 wurket er as psycholooch/psychoterapeut, mar musisearret er ek as fioelist, trompetblazet, sjonger en pianist. Yn 2009 wûn er de publykspriis fan it Frysk sjongfestival Liet, en spile dêrnei in protte yn Fryslân. Nei konserten en opnamen dêr’t er mei sjongers en dichters yn ymprovisearret, kaam yn 2014 syn eigen cd Alpefries út. Sûnt is it album op Spotify en iTunes te finen. Hy skreau twa boeken: Plankenkoorts (útjouwerij Hogrefe) en Laat ze maar denken (útjouwerij Boom). Yn dit konsert giet er werom nei syn woartels: Johann Sebastian Bach en ymprovisaasjes dy’t faak ynspirearre binne troch de tweintichste-iuwske muzyk dy’t er mei it Konsertgebou-orkest spile.
Wat is skjintme?
Yn it pianokonsert nimt Rob Faltin it publyk mei yn syn syktocht nei skjintme. De harkers sille ôfwiksele preludes en fuga’s út it Wohltemperierte Klavier (part II) fan Johann Sebastian Bach hearre en ymprovisaasjes. Faltin freget him ôf oft skjintme benei te kommen falt as in keunst fan omtinken en harkjen.
Ymprovisaasje: in dynamyk tusken moai en raar.
Ymprovisaasje: hat skjintme in iepen ein?
Rob Faltin, piano;
Snein 2 april, 15.00 oere, Menistetsjerke, Wurdumerdyk 18 yn Ljouwert;
Tagong fergees, kollekte foar Open Doors.
Besjoch it promofilmke:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje