Opnij subsydzjeregeling ynnovaasje foar Fryske ûndernimmers

febrewaris 8, 2023 08:43 Fernijd

Undernimmers, dy’t fierder groeie wolle, kinne fan no ôf wer subsydzje oanfreegje fia de Voucherregeling MKB Fryslân 2021 -2023. Der is subsydzje foar ynnovaasje, bedriuwsûntwikkeling en ûndernimmersûntwikkeling. Fan ‘t jier binne der mear mooglikheden foar enerzjybesparring. Provinsje Fryslân stelt € 1.150.000,- beskikber foar subsydzjes tusken de € 2.500,- en € 5.000,-.

Barber Hafez (boarne: Provinsje Fryslân)

De subsydzje is bedoeld foar projekten dy’t bydrage oan in sirkulêre ekonomy, ynsetberheid fan personiel en it digitalisearjen fan de ûndernimming. Sûnt de earste iepening yn 2018 is de regeling in grut sukses. De regeling wurdt yn 2023 foar it sechsde jier iepensteld. Yn 2022 binne 330 subsydzjes takend oan ûndernimmers.

Ien fan de earder honorearre subsydzje-oanfragen kaam fan it bedriuw Revahs dat profesjonele tondeuzes ferkeapet. Eigener Mark Schapelhouman: “Mei help fan de regeling hawwe wy ús digitale merkstrategy en merkposisjonearring ferbetterje kinnen. Om sa mear nammebekendheid generearje te kinnen yn Nederlân en België. It aksjepunt lei al langer op ‘e tafel, mar mei help fan de voucher koene wy dat makliker en flugger realisearje. It joech ús in ekstra ympuls om fierder groeie te kinnen. De regeling biedt ûndernimmers de kâns om harren plannen te realisearjen om fierder groeie en eksellearje te kinnen.” Under oare de barbier Ammar Hafez yn Ljouwert makket gebrûk fan Revahs-tondeuzes.

Mear mooglikheden foar enerzjybesparring
Fan ‘t jier binne der mear mooglikheden foar enerzjybesparring. In enerzjybesparringsadvys rjochtet him net allinnich op it produksjeproses, mar ek op saken as it tapassen fan restwaarmte yn it bedriuwspân, de oanskaf fan elektryske bestelweinen of enerzjysunige apparatuer.

It is net mooglik om subsydzje oan te freegjen foar skoalling fan personiel en eigeners. Wol is der budzjet beskikber foar it folgjen fan in strategyske ûntwikkelingsoplieding.

De subsydzje kin oanfrege wurde by it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN). De oanfraach kin yntsjinne wurde fia dizze link: Voucherregeling MKB Fryslân 2023 | SNN. Mear ynformaasje stiet op dizze side.

febrewaris 8, 2023 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.