Nanne Hoekstra: flaterfrij Frysk skriuwe kin elkenien, op Memmetaaldei en dêrnei

febrewaris 21, 2023 14:07

Minsken dy’t wiis binne mei it Frysk bringe gauris optein op it aljemint dat dy taal op de sosjale media en yn kommunikaasjes ûnderinoar op de snoadfoan in protte brûkt wurdt. Al is dat dan wol fonetysk of mei in eigen stavering, heakje dyen dêr dan meastentiids oan ta. Dat lêste kin ik net neikomme. Krekt as opmerkingen lêstendeis fan in nije kollumnist yn de Ljouwerter Krante yn in stik oer digitaal Frysk. Hy skreau: “Wa’t bygelyks in Frysk mailtsje opstelt, krijt ûnder elk wurd in read lyntsje. By Word sit der net standert in staveringstsjek op. En wa’t yn in Frysk appt, kin de autokorreksje mar better sa gau mooglik útsette” (Gysbert, LC, 20 jannewaris 2023).

Ja, wat dy kollumnist skriuwt is yn prinsipe wol wier, mar it wurd ‘standert’ is yn dit stik fan saken essinsjeel. Want mei in hiel lyts bytsje muoite kin it oars. Mar dy muoite dogge we likegoed foar withoefolle apps, dat wêrom net foar it Frysk? De mooglikheden binne der al lang!

Sjoch bygelyks, om ôf te weven mei dy reade lyntsjes en dêrfoaroer staveringsflaters yn Frysktalige webmails te detektearjen, dit ynternetprogramma.

En sjoch hjirre om in Fryske staveringshifker foar Word en oare kompjûterprogramma’s.

En faaks it moaiste noch, ûnder oaren SwiftKey hat foar de snoadfoan in Frysk wurdboek. Fryske wurden yn apps en mails wurde dêrmei, krekt as yn it Nederlânsk en oare talen, gewoan oanfolle. Men hoecht sadwaande ornaris mar in pear letters goed te typen en it folsleine wurd komt geef stavere foar it ljocht. Dat, fonetyske en eigen staveringen binne hielendal net mear nedich, elkenien kin samar suver flaterfrij Frysk skriuwe sûnder dat goed leard te hawwen! Wylst it skriftlik brûken fan dyn eigen taal, meidatst in wurdbyld opboust, sa dwaandewei ek noch ris hieltyd better ûnder de knibbel krigest.

Boarne: Afûk

Wêrom wurde dy digitale helpmiddels dan mar sa’n bytsje brûkt? Ut loaiens of ûnferskilligens? Of ûnbekendheid? It lêste, hoopje ik. Want dêr kinne we wat oan dwaan! Ynternasjonale Memmetaaldei 2023 is in moaie oanlieding om omtinken te jaan oan dy digitale helpmiddels. Dat kin al simpelwei troch dit stikje safolle mooglik te dielen op de sosjale media en rûn te appen yn jim fermiddens.

Wa’t dochs dwaande is mei apps, kin fuortendaliks ek moai de Fryske paadfiner op de snoadfoan loegje.

Sjoch foar noch folle mear digitaal Frysk: Taalhelp.frl.

Ik haw der gjin oandielen yn, hear.

febrewaris 21, 2023 14:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Mozilla Fryslân febrewaris 21, 16:26

    En foar wa’t leaver lokaal in e-mailprogramma brûkt is der natuerlik Mozilla Thunderbird, te downloaden fan: https://www.thunderbird.net/fy-NL/ ôf.
    Hast de Nederlânske (of oare taal) ferzje fan Thunderbird dan kinst de Fryske wurdlist tafoegje mei in add-on fan: https://addons.thunderbird.net/fy-NL/thunderbird/addon/frysk-wurdboek/ ôf.

    Dat jildt ek ast Firefox yn in oare taal as it Frysk brûkst, foegje dan dizze add-on ta: https://addons.mozilla.org/fy-NL/firefox/addon/dictionnaire-frison/.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.