Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. fiert syn jierdei
Resint ferskynd
Muzykferiening Harmonie Weidum e.o. bestiet 125 jier en fiert dat op 10 juny. Dy sneontejûn riist der in grut iepenloftpoadium op it smûke keatsfjild. Tusken de beide buorrens yn sitte de taskôgers op in noflike tribune en belibje sa de skiednis tusken 1898 en de takomst.

Boarne: Harmonie Weidum e.o.
Nei in mislearre besykjen yn 1896 wie it twa jier letter dan lang om let safier. Weidum kriget syn eigen fanfarekorps. It is 27 febrewaris 1898. Njoggen Weidumers fine, it moat mar wêze. Ferskate doarpen yn ’e omkriten hawwe al in muzykkorps, Weidum moat ek in fanfare ha. Dat wie it begjin. 27 febrewaris op de dei presys is it 125 jier lyn dat muzykferiening Harmonie Weidum e.o. it ljocht seach.
Ien en ien is…
Mei NOAT & TOAN Harmonie Weidum 125 jier oan bringt de Weidumer muzykferiening, dy’t hjoed-de-dei út sawol in meloadyske perkusjeband as in fanfare bestiet, in oade oan syn rike skiednis. De jûn bringt ien machtich moai grut orkest, ferskate gastmuzikanten, stoere optredens fan harren jeugdôfdielingen, spesjale muzyk en dat alles midden yn it Greidhoekedoarpke. Beide ôfdielingen foarmje mei-inoar krekt lykas earder yn 2019 ien grut orkest, op dy wize betankje se ek de grutte ynset fan Weidum en syn ynwenners. Dy steane altyd foar de muzykferiening klear.
It folsleine jubileumprogramma fan de Weidumer muzykferiening bestiet út ferskate ûnderdielen, mear ynformaasje dêroer is mei de tiid te finen op www.harmonieweidum.nl. Dêr binne ek de kaarten foar NOAT & TOAN te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje