Minister Wiersma op besite by Westermarskoalle op ’e Jouwer

febrewaris 21, 2023 08:11

Minister Wiersma foar primêr en fuortset ûnderwiis brocht moandei in besite oan de Westermarskoalle op ‘e Jouwer. Hy folge dêr in stikmannich Fryske lessen. Dêrneist gie er yn petear mei learkrêften en de direkteur oer hoe’t sy de Fryske taal yn de ûnderwiispraktyk in plak jouwe.

Foto: Provinsje Fryslân

De provinsje wurket de kommende jierren mei it projekt Taalplan Frysk 2030 oan it fuortsterkjen fan de Fryske taal yn alle ûnderwiissektoaren. De Westermarskoalle is in basisskoalle en hat sa’n 270 learlingen. 25% fan de learlingen is Frysktalich. De skoalle hat op it stuit in C-profyl. Dat betsjut dat de skoalle no de kearndoelen positive attitude, harkjen, taalbeskôging en praten/yn petear oanbiedt foar it Frysk ûnderwiis. De skoalle wurket no ta nei in taalprofyl B. It Frysk lêzen wurdt dan ek oanbean oan de learlingen. Sa die it team fan de skoalle dit skoaljier mei oan de kursus Klasse Frysk. Dêrneist wurket de skoalle oan taalbelied en hat de skoalle mei de provinsjale subsydzjeregeling Frysk foar no en letter it oanbod Fryske berneboeken útwreide. De subsydzjeregeling is fan hjoed ôf wer iepen foar alle skoallen yn Fryslân.

Minister Wiersma joech earder by de begruttingsbehanneling fan it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip oan dat er de Fryske taal foar learlingen in basisfeardichheid fynt. It Ryk soarget de kommende jierren foar finansiering foar de kurrikulumferoaring fan it Frysk en foar leararen yn it primêr en fuortset ûnderwiis.

Minister Dennis Wiersma: “As men de Fryske taal goed leart, draacht dat by oan jins basisfeardichheden. Dêrom is der ekstra jild foar, sadat skoallen yn Fryslân mei it Frysk oan ’e slach kinne. De Westermarskoalle op ’e Jouwer liet my hjoed sjen hoe’t se lesjouwe yn it Frysk en hoe belangryk oft Fryske berneboeken dêrby binne. Bygelyks mei in les oer dino’s, skiednisles oer De Jouwer en toanielspyljen.”

Deputearre Sietske Poepjes: “Taalplan Frysk 2030 is gjin einpunt mar it begjin. Mei it projekt wurdt de basis lein foar materiaal, begelieding en bewustwurding. Mei de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024 – 2028 sette wy yn op in lykweardige bydrage fan Ryk en provinsje foar Frysk yn it ûnderwiis. It Frysk is, as twadde rykstaal fan Nederlân, in basisfeardichheid foar alle bern yn Fryslân. Nederlân fertsjinnet mear Fryslân.”

Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Underwiisburo Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO). Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.

febrewaris 21, 2023 08:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen febrewaris 21, 08:40

    Omrop Fryslân soe in foarbyld wêze moatte fan goed gebrûk fan ús taal. Dat is lykwols net sa. It tilt op fan hollânismen. De útspraak doocht likemin. Wa sjocht dêr ta op kwaliteit? Wa wol dit beäntwurdzje?
    Mei groetnis út Grins.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.