Minister Kuipers: Bernehertsintrum yn Grins bliuwt iepen
Resint ferskynd
De ôfdieling bernehertsjirurgy bliuwt yn it UMCG yn Grins. Dat hat minister Ernst Kuipers fan Folkssûnens besletten.
Oant no ta wiene der fjouwer sintra foar spesjalistyske hertsoarch yn Nederlân. Kuipers woe dat mear konsintrearje. Der bliuwe no twa bernehertsintra oer. Njonken Grins giet it om it Erasmus MC yn Rotterdam.
De Twadde Keamer moat him noch wol oer it beslút bûge.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje