Medalje foar Sealterfryske taalstriidster Johanna Evers
Resint ferskynd

Johanna Evers (69) út it doarp Baalenje yn de gemeente Sealterlân hat fan de Oldenburgische Landschaft in medalje krigen foar it wurk dat hja dien hat foar de Fryske taal yn har gemeente. Sealterlân is in lyts Frysktalich eilân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen.
Frou Evers hat har as learares altyd tige ynspand foar de Fryske taal, mar ek frijwillich wie hja tige warber. Hja hat ferhalen en lieten oerset yn it Sealterlânske Frysk, hja hat learboeken skreaun en taalkursussen jûn en hja hat de belangen fan de Friezen fertsjintwurdige yn organisaasjes lykas it Europeesk Buro foar Lytse Talen, de Dútske minderhederie en de pleatslike taalorganisaasje Seelter Buund.
De Oldenburgische Landschaft is in lytse organisaasje foar taal, skiednis en kultuer yn de eardere Dútske dielsteat Oldenburch, dêr’t Sealterlân diel fan útmakke. Alle jierren krije ien of twa minsken dy’t wat útsûnderliks dien hawwe foar it karakter fan de streek in medalje. Foarsitter Uwe Meiners lange de medalje tongersdeitejûn oan frou Evers oer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje