Mear stipe út Fryslân foar Dútske Friezen

febrewaris 3, 2023 22:36

Tjallien Kalsbeek fan Grou sil foar de Friezen yn Dútslân oan it wurk. Hja sil yn de Frysktalige regio Sealterlân it Fryskpraten oanmoedigje.

Foar dat projekt binne kursussen en boekjes ûntwikkele. Dy binne makke troch taalynstitút Afûk yn Ljouwert en troch Henk Wolf, dy’t as Fries om utens ek yn Sealterlân wurket om it Frysk te stypjen. Hy hat frou Kalsbeek by it wurk behelle. Hja wurkje beide foar de Oldenburgische Landschaft, in organisaasje dy’t ûndersyk docht en it Nedersaksysk en Frysk yn de omkriten fan de stêd Oldenburch stipet.

Yn Sealterlân praat sa’n 14 persint fan de befolking in foarm fan it Frysk. Foar de oarloch koe hast de folsleine befolking dy taal prate, mar wilens is er yn de eigen regio in minderheidstaal wurden en binne Platdútsk en Heechdútsk de fiertalen wurden. De Dútske oerheid wol lykwols dat de taal net ferlern giet en stelt jild beskikber om fakminsken oan te lûken dy’t it Frysk rêde kinne. Om fierder ferfal fan it Frysk yn Sealterlân op te kearen en minsken derta oan te setten om it faker te praten hawwe de Nederlânske Friezen oansluting socht by in ynternasjonaal gearwurkingsferbân dêr’t de Afûk ek by sit.

It doel fan dat gearwurkingsferbân is om koarte kursussen te jaan. Minsken leare dêryn om better nei te tinken oer hokker taal oft se wannear brûke. It projekt is betocht troch de universiteit fan Valencia en rint al in pear jier yn ferskate Europeeske regio’s, wêrûnder Fryslân.

Tjallien Kalsbeek en Henk Wolf binne net de iennichste Friezen út Nederlân dy’t de Dútske Friezen stypje. Wolter Jetten is ek foar harren aktyf. Hy skriuwt ûnder oaren kollums foar in regionale krante yn it Frysk fan Sealterlân en hat in learboek skreaun om it Sealterlânske Frysk te learen.

febrewaris 3, 2023 22:36
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bouke Slofstra febrewaris 7, 14:30

    Boppedat is der mei help fan de Fryske Akademy in Sealter grammatika ferskynd (Sprachlehre des Saterfriesischen 2022-2023), digitaal, sjoch seeltersk.de.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.