Lytste skilderij fan Rembrandt efkes werom yn Nederlân

febrewaris 1, 2023 08:26 Fernijd

It lytste skilderij dat Rembrandt van Rijn ea makke, is foar in skoftke yn Nederlân werom. It wurk ‘Buste van een bebaarde oude man’ út 1633 is moandei útpakt yn de Hermitage yn Amsterdam.

Selsportret Rembrandt van Rijn (foto: Wikipedia/Ryksmuseum – publyk domein)

It topstik foarmet mei 34 oare wurken fan Nederlânske boaiem de útstalling Rembrandt en tijdgenoten, historiestukken uit The Leiden Collection. De wurken binne yn it besit fan samler Thomas S. Kaplan út New York. Tegearre mei syn frou Daphne Recanati Kaplan rjochte er yn 2003 The Leiden Collection op – neamd nei de bertestêd fan Rembrandt – dy’t sa’n 250 skilderijen en tekeningen omfettet.

Histoarjeskilderkeunst
De 35 skilderijen binne topstikken yn de histoarjeskilderkeunst, in sjenre dat yn de santjinde iuw in protte oansjen hie. De keunst moast ferhalen út ûnder mear de Bibel en de Klassike Aldheid ferbyldzje. Rembrandt soe de histoarjeskilderkeunst essinsjeel fûn hawwe foar de ûntjouwing fan it masterskip fan in skilder. Njonken Rembrandt (1606-1669) binne ek wurken fan ûnder oaren syn learmaster Pieter Lastman (1583-1633) en syn learlingen Ferdinand Bol (1616-1680) en Arent de Gelder (1645-1727) yn ’e kolleksje opnommen.

De útstalling is fan oankommende sneon 4 febrewaris ôf oant en mei snein 27 augustus yn de Hermitage yn Amsterdam te sjen.

febrewaris 1, 2023 08:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.