LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje
Resint ferskynd
Mear flinters teld yn krûderike gerslannen, blomrike sleatswâlkanten en hagen
De ôfrûne fjouwer jier binne der goed 40.000 nachtflinters op boerelân teld. Mear as de helte fan alle Nederlânske nachtflinters binne waarnommen troch de 115 oan it projekt BIMAG dielnimmende boeren. Dêr’t boeren natuerfreonlike maatregels nimme, lykas blomrike sleatskanten wurde de measte flinters waarnommen. It mjitnetwurk is no mei fiif jier ferlinge, om ek útspraken oer ûntwikkelingen fan de oantallen dwaan te kinnen.

Foto: pixabay.com
“Dat boeren op harren eigen terrein mjitte, is tige wichtich. Se sjogget mei eigen eagen dat maatregels wurkje. Ik hear faak dat der neat mear libbet yn de hjoeddeiske lânbou. Ik lit graach sjen dat dat oars is en wurkje graach mei oan in ferbettering fan it bioferskaat. BIMG is in moai ûndersyk om sjen te litten dat natuermaatregels wurkje”, seit LTO Noard-bestjoerder Jeroen van Wijk.
40.334 nachtflinters
De ôfrûne fjouwer jier binne der yn it agrarysk gebiet 40.334 nachtflinters teld yn 1932 fangnachten. 57% fan de 850 makro-nachtflintersoarten dy’t yn Nederlân foarkomme, binne teld. Dat is mear as ferwachte waard. Likernôch in tredde fan de dielnimmers telde ek deiflinters. Hja rûnen mei-inoar mear as 600 kilometer oan deiflinterrûtes, dêr’t se mear as 13.000 flinters ferdield oer 32 soarten telden.
Flinters binne net earder yn it agrarysk gebiet teld. De fjouwer jier dat it projekt no rint, is te koart om útspraken oer de oantalsûntwikkelingen fan de nacht- en deiflintersoarten te dwaan. De earste telling makket wol dúdlik dat natuerfreonlike maatregels as krûderike gerslannen, blomrike ikkerrannen, hagen en strewellen effekt hawwe. Yn trochsneed wurde der mear oantallen en mear soarten teld as op perselen sûnder natuermaatregels.
Nije mjittingen
De nije mjittingen sette yn april útein. “No’t it projekt ferlinge wurdt, hawwe wy plak foar nije dielnimmers út alle agraryske sektoaren dy’t ferskate jierren telle. Alle dielnimmers krije trije spesjale led-amers, dêr’t flinters op ôfkomme. Dielnimmers meitsje foto’s fan ‘harren’ nachtflinters en diele dy mei De Vlinderstichting”, fertelt Jeroen van der Brugge fan dy stifting.
Oer BIMAG
LTO Noard, BoerenNatuur en de Vlinderstichting hawwe ûnder de neamer Boeren InsectenMonotoring Agrarische Gebieden (BIMAG) mei-inoar in programma opset om boeren en túnkers sels dei- en nachtflinters monitoarje te litten yn it agrarysk gebiet. Mei it projekt wurde agrariërs yn steat steld om mei te wurkjen oan in mearjierrich ûndersyk nei ynsektestannen yn lânbougebieten. It projekt wurdt finansiere troch it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje