Leechste gasferbrûk yn fyftich jier yn Nederlân

febrewaris 14, 2023 08:18

Yn Nederlân is yn 2022 in fearn minder gas ferbrûkt as it jier derfoar. Foaral húshâldens en grutte yndustriële bedriuwen brochten harren gasferbrûk omleech, berjochtet it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS). Yn totaal waard 31 miljard kubike meter gas ferbrûkt, de leechste hoemannichte sûnt 1972.

Foto: pixabay.com

Yndustriële bedriuwen binne gewoanwei grutferbrûkers fan ierdgas. Dy ferbrûkten ferline jier in goed fearn minder as in jier earder. Dy delgong wie it grutst by bedriuwen yn ’e ierdoalje- en gemyske yndustry. Elektrisiteitssintrales ferbrûkten tolve persint minder ierdgas.

Minder gas, dochs groei
De sterke omslach ûnder grutferbrûkers komt troch de hege gasprizen. Neffens Peter Hein van Mulligen, haadekonoom by it CBS, hat de yndustry fan de need in deugd makke. “Fabriken wiene foar in part ticht mei’t enerzjy te djoer wie. Mar de yndustry hat it wol foarinoar krige om te groeien. Se hawwe mei minder gasferbrûk dochs mear produsearje kinnen.” In oare sektor dy’t in rol spile yn it tebekrinnen fan it ferbrûk is de glêstúnbou. Glêstúnboubedriuwen dy’t sels elektrisiteit opwekken mei in gasmotor, ferbrûkten goed tritich persint minder ierdgas.

Koarter dûse
Net inkeld bedriuwen hawwe besparre, ek húshâldens ferbrûkten it ôfrûne jier in fearn minder gas neffens 2021. Dy delgong waard ek benammen stimulearre troch de slim hegere gasprizen. “Húshâldens hawwe de knoppen tichtdraaid, troch bygelyks koarter te dûsen”, seit Van Mulligen. In part fan it ôfnimmen yn it gasferbrûk komt troch it waarmere waar fan ferline jier. Sa’n tsien persint fan de besparring hinget dêrmei gear, seit it CBS. Korrizjearre foar de hegere temperatueren wie it ferbrûk fyftjin persint leger as yn 2021.

Underwilens wist Nederlân syn gasfoarrieden aardich oan te foljen yn ferliking mei 2021. Dat komt benammen troch de ymport fan floeiber ierdgas (lng).

febrewaris 14, 2023 08:18
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Soadsma febrewaris 15, 15:34

    Miskien wienen wy ek te weeldrich wurden. Wy ferniele ús wrâld om’t wy klomsk wurden binne. Justjes mear kloekens koe foar de ierde en foar ús eigenste sûnens wolris better útpakke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.