Kwaal fan dizze tiid: rude
Resint ferskynd

Scabies. Boarne: Wikimedia Commons, publyk domein
Rude, scabies oftewol schurft yn it Nederlânsk, is net allinnich in besmetlike parasitêre sykte by bisten, grienten en fruit, mar komt benammen hinderlik foar by de minske.
Yn it hiele lân nimt op dit stuit it oantal gefallen fan rude ta. Dat docht bliken út de sifers fan de GGD en ûnderfiningen fan húsdokters. En dat foaral yn de grutte stêden, dêr’t de minsken mear byinoar libje en sliepe en soks almeast yn kombinaasje mei it net faak genôch ferskjinjen fan it bêdeguod, dampe romten en oare minne hygiënyske tastannen.
Yn ferpleechhuzen, finzenissen, AZC’s en studintehuzen komt it ek geregeld foar. Dat komt mei trochdat de sykte besmetlik is fan minske op minske. Dat is gauris te sjen as ien wat langer hûdkontakt mei in besmetlik persoan hân hat. It komt ek foar by wikseljende seksuele kontakten en as guon op fakânsje binne yn gebieten mei in dampich klimaat.
Rude wurdt feroarsake troch de myt (Acarus scabiei of Sarcoptes scabiei), in tige lyts bistje. Mei it bleate each is it net te sjen, mar wol by ûndersyk fan de hûdskûlfers ûnder de mikroskoop.

Rudemyt. Foto: Josef Reischig. Boarne: Wikimedia Commons CC BY-SA 3.0
Dy myt jout in soad swierrichheden, trochdat er by de minske yn de hûd omdolt en dêr in soarte fan gonkjes yn makket, dêr’t er lytse aikes en ek syn stront yn leit. Nei in dei of wat krûpe de nije miten út dy gonkjes en sykje wer nije plakken om dêr wer aikes te lizzen. Mei meastal sa’n twa oant seis wike jout it in allergyske reaksje fan de hûd, mei readens en jokte as gefolch, benammen op plakken as fingers, ljisken en earmtakken. Dêr binne dan reade bultsjes, blaaskes en somtiden koarte wite streekjes op te sjen. It jout meastal jûns oanlieding ta in protte klauwerij.
Behanneling
Om rude foar te kommen is it fan grut belang dat klean, bêdeguod, handoeken en de oankrûpbisten fan de bern goed wosken wurde, wol op 60 graden.
Doch foar in feest foaral gjin ferklaaiersklean oan dy’t net wosken binne.
Foar de jokte helpe piltsjes lykas Tavegil (en Clemastine) en mentolpoeier of salve.
Rude giet net fansels oer. Dokters skriuwe in resept foar: in krêm (Permetrine) of in medisyn (Ivermectine). By behanneling is it wichtich dat men net allinne behannele wurdt, mar dat de húsgenoaten tagelyk ek meidogge. It kin wol in wykmannich duorje ear’t de hûd rêstich wurdt, mar de jokte giet mei in dei of trije fuort.
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje