Kabinet giet Regiodeal oan mei Noardwest-Fryslân

febrewaris 18, 2023 08:53

Tweintich miljoen euro foar wurkjen oan kwaliteit fan libben

De regio Noardwest-Fryslân tsjinne ein 2022 by it Ryk in oanfraach yn foar in Regiodeal. Dy oanfraach giet oer it fuortsterkjen fan it wen- en fêstigingsklimaat. It draait dêrby om de brede wolfeart en de kwaliteit fan libben. It kabinet hat besletten om de oanfraach Regiodeal fan Noardwest-Fryslân ta te kennen.

De plannen kinne fierder útwurke wurde mei de regionale partners. “Wy binne tige bliid mei it beslút fan it kabinet. Dat jout ús de mooglikheid om no yndied mei de plannen oan ’e slach te gean”, seit Marga Waanders, boargemaster Waadhoeke út namme fan alle gearwurkingspartners.

Boarne: Regio Noardwest-Fryslân/Gemeente Waadhoeke

Wat is de Regiodeal?
Mei de lokale en regionale oerheden en regiopartners wol de Ryksoerheid de krêft fan Nederlânske regio’s fuortsterkje. Dêr bea it Ryk de mooglikheid foar om in Regiodeal yn te tsjinjen. Foar dizze omgong Regiodeal wie in budzjet fan € 284 miljoen beskikber steld. Regio Noardwest-Fryslân greep de kâns en tsjinne ein 2022 in oanfraach yn. Freed krigen se dêr te hearren dat se € 20 miljoen tawiisd krigen hawwe om it wen- en fêstigingsklimaat te fersterkjen. De útwurking fan de plannen nimt in moanne of wat yn beslach. De trije haadlinen dêr’t oan wurke wurde sil, binne:

– It fuortsterkjen fan de ekonomyske struktuer;
– Kwaliteit fan libben foar de bewenners;
– Soarch foar boaiem, lânbou, lânskip, wetterbehear en enerzjy.

Wa binne de oanfregers?
De gemeenten Waadhoeke, Harns en Ljouwert, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe de oanfraach mei-inoar yntsjinne. Wichtige regiopartners út ûnderwiis en bedriuwslibben stypje de oanfraach. De gemeenten Waadhoeke en Harns falle hielendal ûnder de Regiodeal, foar Ljouwert giet it benammen om it gebiet fan de gemeente dat earder ûnder Ljouwerteradiel en Littenseradiel foel. De oanfraach moast troch ien oerheid yntsjinne wurde, dêrom fungearre de gemeente Waadhoeke út namme fan de fiif gearwurkjende partijen as pinfierder.

Wat is oanfrege?
De oanfraach gie om € 20 miljoen. De fiif oerheden hawwe de yntinsje útsprutsen om elk in passend oanpart te leverjen, sadat foldien wurdt oan de kofinansieringseask fan € 20 miljoen. No’t it Ryk de oanfraach akseptearre hat, wurdt de nedige kofinansiering út de regio Noardwest-Fryslân konkreet ynfolle.

Taheakke: gearfetting foarstel Regiodeal Noardwest-Fryslân.

febrewaris 18, 2023 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.