Kaartferkeap ‘The Rolling Stones – Unzipped’ begjint op 7 maart

febrewaris 26, 2023 08:32

De foarferkeap fan kaarten foar The Rolling Stones – Unzipped giet op tiisdei 7 maart 2023 om 12.00 oere yn ’e middei fan start. Unzipped nimt de besiker mei troch de ymposante karriêre fan The Rolling Stones. De útstalling is in oerweldigjende ûnderfining dêr’t muzyk, keunst, foarmjouwing, moade, fotografy en film by gearkomme. In besite oan de útstalling bringe kin fan freed 30 juny ôf.

Foto: ©Siese Veenstra

In twadde kâns yn 2023
It kaam noch nea foar dat in útstalling twa kear nei itselde museum reizge. Yn ferbân mei de koroanagoarre wie Unzipped yn 2020 al koart te sjen. Nei fjouwer wike moast it museum de doarren slute, ta teloarstelling fan in protte fans. Gelokkich berikte it Grinzer Museum oerienstimming mei it management fan de band om de eksposysje yn 2023 werom te heljen.

‘The Rolling Stones – Unzipped’ (foto: ©Siese Veenstra)

Oer The Rolling Stones – Unzipped
Yn dizze ynternasjonale útstalling fan en oer de rockband The Rolling Stones kin de besiker efter de skermen sjen. De útstalling is in reis troch de skiednis en de geweldige karriêre fan de band. Orizjinele objekten út it persoanlik argyf binne te sjen, lykas ynstruminten, poadiumûntwerpen, albumhoezen, ikoanyske kostúms, persoanlike deiboeken, seldsume audiofragminten en fideomaterialen. In echt hichtepunt is in rekonstruksje fan de studio en it ferbliuw fan de band yn it Londenske Edith Grove. Grins is de lêste lokaasje op it fêstelân fan Europa dêr’t Unzipped hinne reizget.

Kaarten
The Rolling Stones – Unzipped is fan 30 juny 2023 o/m 21 jannewaris 2024 yn it Grinzer Museum te besjen. De kaartferkeap foar de útstalling begjint op 7 maart. Kaarten binne te keap fia rollingstonesgroningen.nl.

febrewaris 26, 2023 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.