Kaarte-aksje fan de Afûk op Ynternasjonale Memmetaaldei 2023
Resint ferskynd

Boarne: Afûk/Praat mar Frysk
Alle jierren wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Memmetaaldei fierd. Dy dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en meartaligens.
In tredde fan de Fryskpraters hat it Frysk as twadde taal en it dus net fan hûs út leard. It giet om goed 150.000 minsken. Dêrneist geane der alle jierren hûnderten minsken op kursus, om’t se it Frysk graach ferstean, lêze of prate wolle.
Ut ûndersyk docht bliken dat dy minsken it hiel bot wurdearje dat der Frysk tsjin harren praat wurdt, ek as se sa no en dan Nederlânsk werom prate. Se fine it soms lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging, komplimint en in bytsje geduld wurdt dan hiel bot op priis steld.

Boarne: Afûk/Praat mar Frysk
Troch it Frysk te hearren en te brûken leare minsken it it fluchst. Dêr kin elk oan bydrage. Sa hâlde we mei-inoar it Frysk yn libben.
Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwe taalkundige en kulturele tradysjes bestean en wurde minsken har mear bewust fan de ferskillen tusken etnyske groepen. Dat laat ta mear begryp foarinoar. Begryp is ek ien fan de yngrediïnten fan de nije Fryskpraters-kampanje fan Praat mar Frysk en spesjaal op memmetaaldei kin men immen dy’t it Frysk leard hat of dy’t dwaande is om it te learen in moai kaartsje stjoere.
Wolle jo in komplimint stjoere oan immen dy’t Frysk leard hat, of Frysk oan it learen is? Fia de side fan de Afûk kinne jo dy persoan in aardich kaartsje stjoere. De Afûk wol graach witte wêrom’t dy persoan in kaartsje fertsjinnet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje