Jongfryske Mienskip tsjinnet WOO-fersyk yn oer heechlearaar Frysk by RUG
Resint ferskynd
It Frysk akademysk ûnderwiis stiet ûnder gigantyske druk. De heechleararen Frysk yn Amsterdam en Leien koenen wol fuort en yn Grins begûn de ferskraling fan it universitêre Frysk mei it opheffen fan de iennichste universitêre stúdzje Frysk yn Nederlân. No stiet ek de lêste heechlearaarstoel op ’e wip. En dat wylst de Provinsje Fryslân der alle jierren wol subsydzje foar jout. Wat docht de Universiteit fan Grins mei ús belestingjild? Dat wol de Jongfryske Mienskip witte.

Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins. Foto Pier Bergsma
De Jongfryske Mienskip wol dat de Universiteit fan Grins wurk makket fan in folsleine learstoel Frysk en dêrby de ried fan Goffe Jensma opfolget. Foar de Jongfryske Mienskip is de heechlearaarsstoel de earste stap. Doel is om it Frysk as selsstannige akademyske stúdzje fannijs libben yn te blazen.
De Jongfriezen skriuwe op harren webside: “Sûnder Fryske akademisy gjin wurdboeken, gjin spraaksoftware, gjin grammatika’s, gjin ûndersyk. Sûnder al dy dingen bliuwt it Frysk in gesellich sprektaaltsje. Dêr stjoert it universiteitsbestjoer bewust op ta. Wy wolle dat it Frysk as sprek- en skriuwtaal nije ympulsen kriget. Wy wolle in taal dy’t rjochte is op ’e takomst en dy’t wy mei alle helpmiddels trochjaan kinne oan ús bern. Der binne hiel wat sinjalen dy’t ús goede hoop jouwe. De Fryske mienskip en polityk wolle dit. Oan ’e NHL Stenden binne der alle jierren wer moai wat studinten dy’t de learare-oplieding Frysk yn fol- of dieltiid folgje. Yn prinsipe steane alle sinjalen op grien en op 24 novimber 2022 tsjinnen Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) in moasje yn ta it Wetlik Ferankerjen fan Wittenskiplik Underwiis yn it Frysk. De moasje waard mei 149 tsjin 1 oannommen.”
De Jongfryske Mienskip fynt dat Ryk en provinsje “spikerhurd ôfrekkenje moatte mei de neoliberale en diskriminearjende wyn dy’t troch de Universiteit fan Grins waait”. De Jongfriezen sizze dêr oer: “Ynklusy? Nee hear, de Universiteit fan Grins seit anno 2023 noch leaver ‘Verboten für Friesen!’” Hja hawwe dêrom in WOO-fersyk (Wet Open Overheid, foarhinne: Wet Openbaarheid Bestuur, koartwei WOB) yntsjinne by de universiteit en alle belutsen organisaasjes en oerheden.
Taheakke: WOO-fersyk heechlearaar Frysk.
[Nee hear, de Universiteit fan Grins seit anno 2023 noch leaver ‘Verboten für Friesen!’”]
Bêste bestjoer fan de Jongfriezen,
De tekst fan in parseberjocht freget om omtinken foar in saak. Mar hâld it by in knypeachje en brûk gjin antysemityske teksten dêr’t jimme sa’t it skynt, de swierte net fan fiele. Dy sizze ommers mear oer jimme/ús as oer dy oare.
Hoi Cor, ynstitusjonele diskriminaasje is ynstitusjonele diskriminaasje. Ik fyn dat wy Friezen dêryn wol wat hurder wêze meie. Oars meitsje wy ús punt noait. Wy relativearje alles fuort.
Nei oanlieding fan it berjocht ‘Jongfryske Mienskip tsjinnet WOO-fersyk yn oer heechlearaar Frysk by RUG’ krige de Ried fan de Fryske Beweging ferwiten oer dy iene antysemityske sin dêryn.
It bestjoer fan dy Ried distansjearret him mei klam fan de diskriminearjende en antysemityske útspraken fan de Jongfryske Mienskip en de ynstimmende reaksje dêrop. Der is neat op tsjin dat It Nijs berjochten en útspraken dêr’t de Ried net efter stiet publisearret. De ferantwurdlikheid foar it sizzen fan de JFM leit by dy organisaasje sels.
De JFM seit dat wy Friezen diskriminearre wurde. Wy (Friezen) slachtoffer, sy (RUG) dieder!
Ekskús dat ik it sa swart-wyt skriuw, mar oars begrypt it deistich bestjoer fan de Ried it net. In hiele flugge rektifikaasje fan it deistich bestjoer soe wol eefkes op syn plak wêze.
Dus jo ha in antysemityske sin nedich oars begrypt de Ried it net? Bin ik bliid dat ink gin stiper fan de Ried bin!!
Moai datst stiper fan de Ried bist. De Ried hat it drokker mei de Jongfryske Mienskip as mei de Ryksuniversiteit Grins en it Frysk
Dat bin ik dus net. Omdat de Ried te min eag hat foar de gefoeligheden by in minderhiid as de Joadske. It is net foar neat dat it Jiddisk keep nnneamd wuwurd yen it Europeesk Hanfest. Ik freegje my of ast dat wol bruke kinst yen de gemeenteried fan Amstelveen. Fierders fyn ik dat de Jongfryske Mienskip wol wat alerter weze mei op it genies fan gefoelicheden. Seker mei san ferline mei Douwe Kalma as lieder.
Ik bedoelde op it gebied fan gefoleichheden. It stiet d’r ferkeard omdat myn staveringskorreksje woke is die market oeral Ingelsk fan,.Wat dat betreft krekt de RUG, der moat keep alles yen it Ingelsk!
Fansels moat de Jongfryske Mienskip de oare kear better om sokke formulearringen tinke. De Ried mei der dan ek wol better om tinke dat se earst lêze en neitinke foardat se wer sa panikerich reagearje. Miskien kinne se har enerzjy better stekke yn harren doelstellingen ynstee fan oare Fryske bewegers te bestriden…
Fan Douwe Kalma sizze de ‘autisten’ dat er o sa ferkeard wie, mar it is ek bekend dat Douwe Kalma Ingelske les joech oan Joadske ûnderdûkers en o sa hold fan de manneleafde. Oan de iene kant wurke er mei de Dútsers gear om publisearje te kinnen en oan de oare kant wie Douwe Kalma in echte bûnte fûgel. Hy die suver alles wat de nazi’s ferachten. By syn begraffenis wienen allegear Fryske pommeranten oanwêzich, út alle politike hoeken en hernen. Kinst sizze dat Douwe Kalma gjin handige beslissingen nommen hat, mar fan ien dy’t skriuwt dat er o sa gefaarlik wie kinst it geastlik fermogen serieus wol yn twivel lûke.
It binne just de Jongfriezen dy’t de Ried fan de Fryske Beweging twinge om mei oare saken dwaande te wêzen as harren doelstellingen, Erwin2.0. Ut ûnder oaren de reaksje fan Klaas Aaldert van der Veen docht wol bliken dat de Ried der op oansjoen wurdt. Dêrom kin de Ried net oars as der publyklik ôfstân fan nimme. It sil net antysemitysk bedoeld wêze, mar wa’t sokke wurden brûkt, kriget dat stimpel no ien kear fuortendalik. Net dwaan dus.
Nanne, nochris, de JFM beskuldiget oaren fan diskriminaasje. Dan kinne se net ferantwurdlik foar antysemytyske teksten wêze en binne it ek net. Se brûke in foarbyld fan wat de Ryksuniversiteit Grins mooglik tinkt, it is in dúdlike ferûnderstelling. In tige simpele stylfoarm dy’t echt allinnich by de Ried net begrepen wurdt.
Neffens dyn logika binne de Joaden ferantwurdlik foar de Holocaust en de swarten yn Amearika binne ferantwurdlik foar de slavernij. Want as se ien kear in sitaat fan harren ûnderdrukkers as foarbyld neame soenen, wurde se yn ien kear sels ûnderdrukkers?
It leed wat de RUG de Friezen oandwaan woe,stiet yn gjin ferhalding, ta it leed wat de Joaden oandien is. Derom moatte die beruchte wurden, wer yen Nederlan sa ungefear de Joadeferfolging mei begun is, net brukt wurde.
Klaas Aaldert van der Veen fettet it hjirboppe goed gear, Erwin2.0. It is net spesjaal myn logika en kinst net konkludearje dat de Ried de stylfoarm net snapt. Sjoch bygelyks mar nei de bydragen yn de Ljouwerter Krante fan Pieter de Groot en Maria del Grosso. En ik ha mear foarbykommen sjoen. Minsken fine it jinsels ferlykjen mei it lot fan de Joaden bûten alle roai en fangefolgen wurdst al ringen sels foar antysemyt útmakke. Kinst it ûnlogysk fine mar sa wurket it no ien kear. De Ried docht dat oars net mei de JFM, ast de reaksje goed lêst. De kwalifikaasje slacht allinnich op de útspraak. Mei it punt dat de JFM meitsje wol, dat by al it gebear oer ynklusiviteit it diskriminearjen fan Friezen trochgiet, kin ik it oars wol lykfine.
Klaas en Nanne, jim meitsje beide de ferliking mei de Joaden? Neffens my is dat de link dy’t jim hielendal sels meitsje. Pieter de Groot en Maria del Grosso meitsje dy link ek, mar dy link hoecht der perfoarst net te wêzen.
It soe ek slaan kinne op it wat strengere of formelere of dominantere foarkommen fan de Dútsers. Ik wit it net. Jim skynber wol? Hawwe jim al frege oan de Jongfryske Mienskip wat se dêr mei bedoele? Of binne jim begûn mei in ynterne striid op basis fan wylde oannames?
It wurdt folle breder sa besjoen, Erwin2.0. De Ried fan de Fryske Beweging (dêr’t de JFM ommers by oansletten is) waard der fan ferskate kanten op oansprutsen en sels It Nijs, dat it allinnich mar as nijs brocht. Yn dyn optyk allegearre ûnterjochte mar ynstee fan trochgean mei der oer te redendielen soe ik sizze ‘choose your battles’ en bring it punt fan diskriminearjend hâlden en dragen fan ynstânsjes foar de Friezen oer tenei op in wize dy’t wol oankomt by de grutte kliber. En dêr’t we allegearre efter stean kinne.