Jan Schokker: Nul-punt-nulfûgel
Resint ferskynd
Kollum
Drinksto in soad?
Ik no efkes ek net.
Psychologysk en sosjologysk bin ik wat nuver konstruearre. Miskien ek wol fysyk en medysk. As it gânse lân de hiele moanne jannewaris gjin dripke alkohol drinkt, wol ik der op dat stuit hielendal neat mei te meitsjen hawwe. Ik bin dochs net de earste de bêste alledeiske meirinner! Nee, pas as fan ’e weromstuit yn febrewaris de lju, dy’t in moanne lang allegearre tagelyk o sa trendy wêze moasten, wer slingerich thúskomme, pas dan komt de echte partytime ûnthâlder as oprjocht yndividu fanwegen om de wrâld sjen te litten hoe’t er hiel selsstannich en út it goede hout snien is.
Want ja, eins woe ik it ek wolris meimeitsje, sa’n tydlike frijwillige kastijing om goedkeap wer kreas en kwier der boppe-op te kommen. Hie ik oars al ferteld dat ik blinderse graach in read of wyt wyntsje drink? Dat ik jûns om tsien oere hinne noflik nippe mei oan in jonkje of in brún bb’tsje? Dat ik, as libbensgenieter fan it suverste wetter, wier en wis net spui yn in fingerhuodsje rum of vieux? En dat it wetter my al om ’e tosken rint inkeld en allinne by it my ynbyldzjen fan in hiel lyts gleske gloedfolle Skotse wisky? Dat ja, ik moast, mei stipe fan myn solidêre frou, dy hjoeddeiske útdaging yn eigen tiid ek mar ris oangean.
Nei de earste dei wie it noch net dat ik tocht fan hee, dizze moarn is moaier, dizze holle helderder, de frou kreazer, it nijs positiver of it sicht rommer. Mar wa’t a seit, moat ek b sizze! As men ien kear mei ferdrach de kar foar sa’n in alkohoalyske ûnthâlding makke hat, falt it wier wol ta om it fol te hâlden, ek al miste ik alle dagen it ûntspannend yogamomintsje fan dy ferfúlde earste swolch.
Dizze estetyske tiid wie oars in útsochte gelegenheid om te sjen wat der by de super oan alkoholfrije drankjes te krijen wie. Fan nul-punt-nulbier hie ik wolris heard, mar der gie foar my in heldere wrâld iepen doe’t ik wat fierder sneupte yn it nulrim. Om dwyl fan te wurden. Utsein de bieren wiene der sterke dranken fan alderhande soarte en ek it fenomeen fan de alkoholfrije wyn. Miskien moasten wy mar in feest bouwe mei ús famylje en wat freonen. In nul-punt-nulfeest om ús nij en frij alkoholleaze bestean te fieren. Wy hawwe doe de winkelkarre fol laden mei spesjale dranken en bieren, om by de kassa kjel te wurden fan de priis. Djoer as Russysk gas en, bliek letter, nimmen fan de famylje koe of woe tiid frij meitsje foar ús party 0.0. Allegearre drok, jaja, en dat jilde ek foar al ús kunde en freonen. Sels ús buorlju hiene it fierstente drok. In opmerklik sosjologysk ferskynsel!
Dat wy sitte wilens al trije wike oan dy ferskriklike nuldrankjes dy’t foar ús beide it tuchtigjen allinne mar slimmer meitsje. Dy djoere moadeferskynsels binne fansels deagewoane frisdranken, dêr’t men boppedat ek geregeldwei ôfgryslik fan opbrekke moat. Dat spul sil ek wol út Sina komme.
Nei goed trije wike ha wy noch wakker net it gefoel dat wy beide lichaamlik en psychysk bot better binne. Wat ús oanbelanget is it dus gjin eksperimint om oer te dwaan. It sil wis sûner wêze om soberder te libjen, mar ik ha dochs net om ’e nocht yn myn libben nea foar it kleaster keazen?
Wol haw ik yn ’e rekken krige dat dizze kollum der mei al dat suertsjewetter net folle better op wurdt. Hy is, leau ik, ek behoarlik beheinder as oars. Lokkich is febrewaris in koarte moanne. Dat skeelt stikken en einen by it slokjedrinken.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje