Jan Bosgraaf: Mobyltsjeterreur
Resint ferskynd
Kollum
Der wurdt yn ús lân al jierren praat en diskusjearre oer de fraach, hoe’t op skoalle it bêste mei mobyltjes omgien wurde kin. Dy bûstelefoans binne hjoed-de-dei minykompjûters; smartphones of snoadfoans op syn Frysk. It antwurd op de fraach, oft it tastien wurde kin of ferbean wurde moat, skynt tige dreech te wêzen. Dreger as yn guon oare lannen, dêr’t it brûken fan dy apparaatsjes op skoalle ferbean is. Yn de publikaasje Schoolbeleid voor smartphones fan Kennisnet en de VO-raad (Ried foar fuortset ûnderwiis) stiet dat ynsette op selsregulearring fan learlingen yn dit ferbân wichtich is. No, dan kin der praat en diskussjearre wurde oant sint-jutmis, de útkomst stiet op foarhân fêst. Learlingen geane gewoan troch mei it brûken fan de snoadfoan. Dêr kin men steat op meitsje. Dat ding makket in ûnmisber ûnderdiel út fan harren sosjale libben. Lêstendeis ried ik by jûntiid hast immen fan ’e sokken, dy’t op ’e fyts – sûnder ljocht – op syn mobyltsje siet te sjen en gjin benul hie fan wat der om him hinne barde. En ja, ik wit it wol, it kin ek wolris fan pas komme by de stúdzje.
De snoadfoan bestiet al goed tweintich jier. Fiif jier lyn wie 60% fan de jongerein op syn minst trije oeren deis mei de snoadfoan yn ’t spier. Hjoed-de-dei sitte se yn trochsneed sa’n fiif oeren nei it skermke te koekeloeren. Fan de bern oant en mei 6 jier makket 42% der gebrûk fan. Oer de útwurking dêrfan op dy lytse poarren en de jongerein sprekke de útkomsten fan ûndersiken inoar tsjin; sawol posityf as negatyf. It soe my gjin nij dwaan, dat soks eat mei de fraachstelling te krijen hat.
Wat wie it eartiids dan in stik makliker. Nee, ik sis net dat it better wie. Mar wol gâns ienfâldiger. 152 jier lyn bestie der noch gjin telefoan. En no rinne we allegearre mei sa’n minykompjûterke, dêr’t we ek mei belje kinne, yn ’e bûse of tas. Dêr hie de Italiaan Antonio Meucci him gjin foarstelling fan meitsje kinnen, doe’t er der yn 1871 yn slagge om in telefoanferbining ta stân te bringen. De man hie lykwols net genôch jild om patint op syn útfining oan te freegjen. Hy stjoerde in model en in technyske beskriuwing nei it telegrafybedriuw Western Union (hy wenne ûnderwilens yn de Feriene Steaten fan Amearika) en frege de direkteur oft er syn ‘pratende telegraaf’ demonstrearje mocht. Mar neffens de direkteur wie dêr gjin tiid foar. Doe’t Meucci twa jier letter syn model en de beskriuwing werom frege, bliek it spul poater te wêzen. Mar dan freget Alexander Graham Bell patint oan. En by Western Union wurke yn dy tiid in Alexander Graham Bell. No skynt it net alhiel wis te wêzen oft it om deselde Bell giet, mar neffens my hie it spul wol luzen.
Dêrnei gie it rap mei de ûntwikkeling fan de telefoan. Yn 1879 waarden yn de stêd Lowell (Massachusetts, USA) de earste telefoannûmers foar sa’n twahûndert abonnees ynfierd. Yn 1881 waard yn Berlyn de earste telefoansintrale yn gebrûk nommen, mei acht brûkers. Yn itselde jier iepene de Nederlânske Bell Telefoon Maatschappij yn Amsterdam in saak op de hoeke fan de Kalverstraat en de Dam. Yn Amsterdam hiene 49 minsken doe in oansluting.
Mear as fyftich jier letter kaam yn Sweden de earste automatyske telefoan. Dy dingen wiene grut en swier en suver net te hantearjen. Yn 1946 waard yn de Feriene Steaten fan Amearika de earste autotelefoan op ’e merk brocht. It apparaat wie lykwols ek grut en swier en naam in soad romte yn beslach. De stjoerder-ûntfanger waard yn de kofferbak montearre.

Autotelefoan út 1964. Foto: Wikimedia CC0 1.0
Oan de earste draachbere telefoan, mei syn 9 kilo, tilden de minsken harren ek in breuk. De mobile telefoan waard yn 1973 yntrodusearre. It ding hie it formaat fan in bakstien en in hiel grutte antenne. Dochs hawwe se tsien jier yn ’e hannel west. Fan de tachtiger jierren fan de foarige iuw ôf rekke de bûstelefoan yn opkomst. Dêr koe allinnich mei belle (ôflaat fan Bell) wurde.
De nacht foar de Alvestêdetocht fan 1997 slepte ik by freonen yn Ljouwert. “Do kinst moarn myn mobile telefoan wol meinimme,” sei ús freon, “dan kinst ûnderweis ris nei hûs belje.” Hy lei my út hoe’t it apparaat wurke en doe’t ik op 4 jannewaris moarns yn Sleat wie tocht ik, lit my Djoke (myn frou) mar efkes belje. Sy skrok derfan en tocht dat der wat mis mei my wie. Lokkich koe ik har gerêststelle. It gie dat it slydjage. In jier letter kochten wysels sa’n mobyltsje. Mei it each op ús fakânsje nei de Noardkaap. Dan koene we belje wannear’t we woene en hoegden we net om in telefoansel te sykjen. Underwilens hawwe wy ek al lang net mear ús earste snoadfoan. Want men moat wol in bytsje mei de tiid meigean.
Dat dogge (skoal)bern en de jongerein ek, al witte se nei alle gedachten net oan wa’t se it te tankjen hawwe dat se de hiele wrâld deunby hawwe. En al brûk ik myn snoadfoan gjin fiif oeren deis, ik haw it ding altyd foar de greep en ik meitsje der tankber – en ek aloan mear – gebrûk fan. Is soks no, sa ’t Doede Veenman sa’n fyftjin jier lyn al song, in spultsje fan ‘mobyltsjeterreur’?
FOTO THÚSSIDE
Ien fan de earste snoadfoans (1996). Foto: Wikemedia CC BY-SA 3.0
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje