Jan Bleatekop (ferhaal)

febrewaris 25, 2023 10:10

Jan de Vries. Boarne: Gorredijk Historie

Jan de Vries, eartiids feehanneler yn Hoarnstersweach, hie syn bynamme Bleatekop krige omdat er altiten sûnder helm op de motor ried[1].
Yn kafee Het Witte Huis yn Donkerbroek einige Jan syn dei altiten. Dêr hold er kantoar en ûntfong er syn relaasjes.

As snotbongel skarrele Jan yn de krisisjierren – de tritiger jierren fan de foarige iuw – moai wat foar syn âlden byinoar. Hy woe himsels wiermeitsje. Trochdat er thús nochal eigensinnich wie, waard er it swarte skiep fan de famylje. Doe’t er folwoeksen wie hat er him ûntervje litten.

Hy hannele yn alles wat mar los en fêst siet: piken, kninen, fodden, hynstehier en sels ikels foar bargeboeren. Alles is hannel, wie syn motto. Hy siet in kear te melken mei syn frou Trienke, doe’t der in boer delkaam dy’t syn hynder keapje woe. Dy boer bea 25 gûne mear as dat it hynder Jan koste hie. Hy woe it hynder fuortendaliks meinimme. Jan joech fuort gelok, mar Trienke appellearre heftich, se moasten ek noch nei hûs. Doe spande Jan in ko foar de wein, sa te sjen fûn de ko it prachtich. Yn de pleatslike krante waard dêr de spot mei dreaun. De Vries, sa stie it der, wie sa’n earme boer dat er it wurk fan in hynder troch in ko dwaan liet.

By Marcus Popkema oan de Biskop by Bakkefean, mear bekend as brike Marcus, kocht er yn de oarlochsjierren ris in baarch fan 600 pûn, yllegaal, om’t Marcus it ferdomde om oan Hitler te leverjen. It bist waard klandestyn slachte. Dat wie doedestiids hast in halsmisdriuw. Kontroleurs krigen lucht fan dy transaksje en rôpen Jan op it matsje. Mar foardat er him melde moast, kocht er gau in fergelykbere baarch by Pieter van der Meulen oan de Wynterperfeart. Nei’t Jan en Marcus ûnderfrege wiene, moasten se ûnder plysjebegelieding mei de amtners nei de pleats fan Jan. Der waard wol twivele oft dy tsjokke baarch wol deselde wie, mar brike Marcus liet him op de knibbels sakje en sloech de earms om it bist hinne en sei sabeare oandien: “Och myn leave jonge, mienden se no wier dat ik dy slachtsje litten hie?” It rûn dus goed ôf.

Jan hat ek alris in stunt sa brutaal as in hûn úthelle. Lânwachters yn Meppel hiene in frachtwein oanholden mei tsien fan syn kij en brochten dy nei in skutstâl. It wie in hannel sûnder papieren. Jan en syn feehannelers hellen de kij nachts stikem wer op út de stâl. Dy stunt waard him troch de autoriteiten net yn tank ôfnommen. Foaral de lânwachters en de NSB-amtners hiene de pik op him yn. Jan waard fûgelfaai ferklearre. Hy moast in poas ûnderdûke, mar hy waard pakt en doe hat er twa moanne yn de finzenis fan Ljouwert sitten en moast er libje op stokfisk mei wettersjú.

Hy hat ek wolris oan it keppeljen west. Sa keppele er ris in kear in frijfaam en in frijfeint oaninoar. Jierren letter trof er dy boerinne ris, wylst sy oan it skoffeljen wie. Jan frege hoe’t it mei harren gie. Net bêst, sei hja, want se hie har man dy moarns dea op bêd oantroffen. Dy lei der noch, sei se, want ik wol earst it hûs en de tún yn oarder ha foardat ik de dokter komme lit.

Nei de oarloch hat Jan namme makke as ynternasjonaal feekommissaris. Hy eksportearre ûnder mear nei Grikelân, Frankryk, Italië en Perû. Mei Lúksemboarch die er eksklusive saken. Dêr allinne al giene tsientûzen kij hinne. Hy stie as hanneler bekend as immen mei gefoel foar kwaliteit. By de koöperative feeôfset hiene se him graach ha wollen, mar dat woe Jan net, hy woe frij bliuwe. Minsken yn leantsjinst wiene neffens him net skerp genôch foar de hannel. Dy joegen te gau belies. As hy fee foar syn eigen buorkerij kocht, stelde er de heechste easken. Fokke is in keunst op himsels, hiel oars as hannel. In betûfte fokker sjocht nei de sjarme fan in ko. Hy hat wolris meagere kij kocht fan sobere boeren. Hy seach altiten twa jier foarút en dan stie der in kampioen.

De doedestiids bekende fokker Tiede van der Ploeg koe derfan tsjûgje: “Jan sjocht mei in skean each wat in bêste ko is. Sa tûk is dy man. En ûnfoarstelber fluch. Hy is legindarysk yn de hannel, sa is der gjin twaddenien. Mar dat is ek de haksine (achillespees) fan Jan, hy kin in moaie ko mar min stean litte.”

Jan de Vries wurdt op de Gordykster feemerk tasongen. Boarne: Gorredijk Historie

As strykjildskriuwer bedarre er yn de ûnreplikguodhannel. Hy hat in kear in pleats fan fiif miljoen gûne ûnder hannen hân. Dat wie doedestiids in protte jild. Yn prinsipe ha je gjin dûbeltsje nedich om saken te dwaan, neffens Jan. Keapje mei kredyt fan de bank en wer ferkeapje foardat de rinteklok begjint te tikjen.

Jan de Vries hat syn libbensferhaal op papier set yn it boek In alle wateren gewassen.

Boarne fan dit ferhaal: de LC fan 31 jannewaris 1998, mei tank oan Tine, Jan de Vries syn dochter.

Jangerben Mulder

[1] Guon lêzers sil it noch wol heuge dat yn Lippenhuzen in húsdokter ek altiten sûnder helm ried. Dy hie echt in bleate kop, sûnder hier.
febrewaris 25, 2023 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.