Holwert (gedicht)
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs
Holwert

Holwert, Willibrordustsjerke. Foto Romke Hoekstra (boarne: Wikimedia Commons – CC BY-SA 4.0)
As de stêd as in jas
fan myn skouder glidet
en ik de kant út lutsen wurd
dêr’t in nuete noardwester
de wolken ferlitten hat
en op my oan dunet
en sâlt wetter
myn lippen beruorket
it wetter de wyn bolbjirken
it paad nei de toer wiist
dêr’t de strjitten en huzen
omhinne lizze te loaikjen
lizze te loaikjen
en eltse gevel
eltse stoepe
my Holwert fiele lit
en boppe de griene gerzen
de grêven
dêr’t ik oer kypje
nei de kime
oer sleatten
fol donker winterwetter
dat smachtsjend
leit te wachtsjen
ljurkjend oan raaiïch reid
dêr’t fierderop
mei wiid sprate earmen
de dyk longeret
nei immen
dy’t er oan syn lang
lichem kuozje kin
en sa, it doarp
as hoeder yn ’e rêch
en foar my
yn de dûns fan
ebbe en floed
floed en ebbe
de see… de see
ik bin wer thús.
Inne Bilker
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje