Hast ien op de trije Fryske wenten hat sinnepanielen

febrewaris 22, 2023 08:23 Fernijd

Hieltyd mear Friezen hawwe sinnepanielen op it dak lizzen. Underwilens is yn de provinsje al hast 30,3% fan de wenten foarsjoen fan ynstallaasjes mei sinnepanielen. Wol binne der lokaal grutte ferskillen. Sa binne ynwenners fan Dantumadiel de grutste leafhawwers: dêr hat sels 44,1% fan de wenten panielen. Dat en mear docht bliken út in analyze fan Independer op basis fan data fan it CBS en Klimaatmonitor.

Foto: pixabay.com

Neffens de resintste data út 2022 steane yn Fryslân op it momint goed 93.000 huzen mei sinnepanielen. Dat is in flinke oanwaaks (+24,2%) neffens in jier earder: doe gie it om 74.900 wenten.

Dantumadiel koprinner fan Fryslân
Ynwenners fan Dantumadiel hawwe yn ferhâlding de measte sinnepanielen fan Fryslân. Yn totaal hat 44,1% fan de wenten dêr ynstallaasjes mei panielen. De top 5 fan Fryske gemeenten mei it grutste oanpart wenten mei sinnepanielen op it dak is:

  • Dantumadiel: 44,1% fan de wenten hat sinnepanielen
  • Eaststellingwerf: 42,9% fan de wenten hat sinnepanielen
  • Harns: 41,1% fan de wenten hat sinnepanielen
  • Weststellingwerf: 41% fan de wenten hat sinnepanielen
  • Flylân: 37,9% fan de wenten hat sinnepanielen

Yn absolute sin hawwe Ljouwert (15.813), Súdwest-Fryslân (11.633) en De Fryske Marren (8.184) de measte wenten mei sinnepanielen.

Tanimmend tal sinnepanielen op Flylân
Nearne yn Fryslân hawwe ynwenners yn ien jier tiid safolle yn sinne-enerzjy ynvestearre as op Flylân. Yn dy gemeente steane neffens resintste data 226 huzen mei registrearre sinnepanielen, in oanwaaks fan 56,9% neffens in jier earder. Doe gie is om 144 wenten.

Oare gemeenten yn Fryslân mei in grutte oanwaaks binne Noardeast-Fryslân (+36,4%), Weststellingwerf (33,6%) en Dantumadiel (32,8%).

“De enerzjy dy’t men opwekket, kin men fansels sels brûke. Wat oer is, wurdt oan it iepenbiere net weromlevere. Op jierbasis wurdt dat wer ferrekkene mei it ferbrûk yn ’e perioade dat men gjin enerzjy opwekket. Dat is de saldearringsregeling. As men mear opwekket as men ferbrûkt hat, kin men dêr jild mei fertsjinje. Dy weromleverfergoeding ferskilt nochal de leveransier. Myn advys is om dat goed út te sykjen en by need oer te stappen nei in leveransier dy’t in hegere fergoeding jout”, seit enerzjy-ekspert Kerkhof.

Op it stuit hawwe hast 1,8 miljoen wenten yn Nederlân panielen op it dak lizzen, in flinke oanwaaks fan 26,1% neffens in jier earder. Dêrby wurdt útgien fan de resintste sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk (CBS), dy’t fan july 2022 binne. It werklike sifer sil dus heger lizze, mar dat is no noch net mei offisjele sifers te ûnderbouwen.

febrewaris 22, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.