Grutte boerestreekmerk yn Alde Leie op sneon 25 febrewaris
Resint ferskynd
Nei it grutte sukses fan de earste edysje wurdt op sneon 25 febrewaris fan 10.00 oant 15.00 oere de twadde edysje fan de ‘Fan Boer nei Minsken’-merk holden yn Alde Leie.

Foto: Fan Boer nei Minsken
Lokale Fryske (bio)boeren komme yn it eardere Kooiaapfabryk, no better bekend as NijeLeije.nl, byinoar om harren deifarske produkten lykas ferskate soarten griente, ierappels, sipels, fleis, suvel, tsiis, (oer)bôle en aaien oan te bieden yn de oerdutsen hal. Rjochtstreeks keapje fan de boer, earlik en sûn iten út de eigen omjouwing.

Foto: Fan Boer nei Minsken
Der is ek in rom en ûnderskaat oanbod oan kreativiteit en ambachtlike selsmakke produkten. Ferskate soarten (bio)fruitsoppen, sjem, tee, heamadammen, ierdewurk, kymgriente en noch folle mear. Der binne sa’n fyftich diskes op ’e merk te finen. Foar de ynwindige minske wurdt ek soarge. De frijwilligers fan it itenskanaal ‘Fan Boer nei Buorlju’ stiet klear mei kofje, tee en lekkernijen. Fan Boer nei Buorlju hat ek in eigen plak op ’e merk, dêr’t se besikers graach te wurd steane mei ynformaasje oer dat inisjatyf.

Foto: Fan Boer nei Minsken
De merk wurdt muzikaal glâns jûn troch it duo CoverLover. Dat sil mei gitaar en sang ûnder oare countrynûmers hearre litte. Elkenien is wolkom op de grutte merk op sneon 25 febrewaris yn de oerdutsen fabrykshal oan de Leijester Hegedyk 27-B yn Alde Leie.
Parkeargelegenheid is oanwêzich. Op ’e merk is jo ‘gûne’ in daalder wurdich. Der wurdt kontant betelle, pinne is net mooglik. De yntree is fergees.

Boarne: Fan Boer nei Minsken
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje