Fryslân op ien as it giet om kwaliteit fan libben

febrewaris 20, 2023 16:53

Hokker persintaazje fan de minsken yn de EU beoardielet de libbenskwaliteit yn syn regio as goed?

In kaart fan Eurobarometer 2021, dy’t okkerdeis publisearre waard, lit sjen dat de ynwenners fan Fryslân de kwaliteit fan libben yn harren regio as bêste yn de Europeeske Uny beoardielje. 98,7% fan de minsken yn Fryslân fynt de libbenskwaliteit reedlik oant tige goed.

Kwaliteit fan libben kin omskreaun wurde as it algemiene wolwêzen en de tefredenheid fan in yndividu mei de ferskillende aspekten fan syn libben. It is in kompleks en subjektyf konsept, dat op ferskillende manieren metten wurde kin. Mei’t it in subjektyf begryp is, is it lestich om de kwaliteit fan libben te bepalen op basis fan hurde gegevens. Fan de mjittingen op basis fan hurde data komt de Human Development Index (HDI) wierskynlik it tichtst yn ’e buert. Mar dy mjit hoe ûntwikkele oft in gebiet is, net needsaaklik wat de kwaliteit fan libben is.

Op basis fan hurde gegevens kinne guon gebieten in hege kwaliteit fan libben hawwe, mar dat seit net folle as minsken it net sa sjogge. De WHO definiearret kwaliteit fan libben sels as “de persepsje fan in yndividu fan syn posysje yn it libben yn ’e kontekst fan de kultuer en weardesystemen dêr’t er yn libbet en yn relaasje ta syn doelen, ferwachtingen, noarms en noeden.” Neffens dy definysje soe de persepsje fan minsken folle mear wurdearre wurde moatte as hurde data by it mjitten fan de leefberens fan in gebiet. Mei’t kwaliteit fan libben in subjektyf konsept is, is de bêste wize om de kwaliteit fan libben fan minsken te mjitten, it harren gewoan te freegjen. Dêr giet de kaart hjirûnder oer.

De kaart lit sjen dat minsken yn fierwei de measte EU-regio’s de libbenkwaliteit as goed beoardielje. Foaral yn Noard- en West-Europa fynt mear as tachtich oant sels njoggentich persint fan de minsken de kwaliteit fan libben yn harren regio goed. Yn Finlân, Sweden, Ierlân, Denemarken, Lúksemburch en Eastenryk is dat mear as 90% foar eltse regio yn it lân.

It heechste persintaazje is te finen yn ús eigen Fryslân. Dêr’t 98,7% fan de minsken de kwaliteit fan libben yn Fryslân aardich oant tige goed achtet. Yn Drinte en Seelân leit it persintaazje ek boppe de 98%. Minsken yn Ålân en Súd-Finlân (98,5%) lizze deun efter Fryslân. Itselde jildt foar Karintië yn Eastenryk (98,6%). Der binne mar fjouwer regio’s yn ’e EU dêr’t in minderheid fan de befolking de libbenskwaliteit as goed beoardielet. Yn Severozapaden yn Bulgarije fynt mar 38,1% de libbenskwaliteit yn dy regio goed. Fierwei it leechste persintaazje yn Europa. Panonska yn Kroaasje (43,3%), Észak-Magyarország yn Hongarije (44,7%) en Súdwest-Oltenië yn Roemenië (47,1%) binne de iennige oare regio’s dêr’t in minderheid fan de befolking de kwaliteit fan libben yn harren regio as goed beoardielet.

De gegevens foar ûndersteande kaart binne ôfkomstich fan de hjerst-Eurobarometer 2021 oer de publike opiny yn de EU-regio’s. Minsken koene de kwaliteit fan libben yn harren regio beoardielje as “tige goed”, “aardich goed”, “nochal min” of “tige min”. De kaart toant it persintaazje respondinten dat antwurde mei “tige goed”of “aardich goed”.

Boarne: Landgeist/Eurobarometer 2021, publisearre op 11 febrewaris 2023

Boarne: Eurobarometer 2021/Landgeist

febrewaris 20, 2023 16:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.