Fryske sitaten
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Ynstjoerd
Yn de Ljouwerter Krante fan 7 febrewaris stiet op side 23 in artikel fan Goos Bies oer de boatferbining mei It Amelân. Yn dat artikel wurde Feije Wiersma út Driezum en en Gosse Hoekstra út Wâlterswâld yn it Hollânsk sitearre, wylst sy, sjoen harren nammen, nei alle gedachten Fryskpraters binne.
Dat ropt by my de fraach op hoe’t it belied by de LC is wat it sitearjen fan persoanen oanbelanget. Ornaris wurde yn de LC minsken dy’t Frysk prate, yn it Frysk sitearre, mar dat jildt yn dit gefal sa’t skynt net. Mocht ik it mis hawwe omdat niisneamde persoanen tsjin Goos Bies wol Hollânsk praten, dan soe ik de LC oproppe wolle as belied yn te fieren dat minsken yn de taal dy’t sy prate, sitearre wurde (mei eventueel in Hollânske oersetting foar net-Frysktalige lêzers). Dat makket in artikel echter, dus minder keunstmjittich.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje