Framing Jenny Douwes en de Jongfryske Mienskip
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Framing is it skansearjen fan jins tsjinstanner troch it jaan fan suggestive, kleure ynformaasje. In sterk foarbyld dêrfan sjogge we yn in Te Gast fan Rimmer Mulder (LC 17-2-2023). Yn dat stik bringt Mulder Jenny Douwes, foarfrou fan de Jongfryske Mienskip, yn ferbân mei de oerkonservative katolike organisaasje Civitas Christiana. Dy organisaasje is in hetse begûn tsjin de skriuwer Pim Lammers, dy’t in opdracht om in gedicht te skriuwen foar de Berneboekewike weromjoech doe’t er deadsbedrigingen krige om’t er pedofyl wêze soe. Ek al beskuldiget Mulder Jenny Douwes dêr net streekrjocht fan, hy suggerearret wol dat se dêrmei te krijen hat. In typysk gefal fan framing, en dat is net de earste kear.
Ik wol de lêzers wer yn it sin bringe dat Mulder yn de LC op 16 novimber 2018 ek alris besocht hat om Jenny Douwes (en dêrmei de Jongfryske Mienskip), troch de aksje foar de blokkearfriezen, yn ferbân te bringen mei rjochtsekstremisten as Wilders en Bosma. Hjir is dus sprake fan framing en, sjoen de werhelling, fan stalking. Mulder keppele doe Frysksinnigens filein oan rasisme en no besiket er in keppeling te lizzen tusken de JFM en antysemitisme, troch te referearjen oan de útspraak fan de JFM: “Verboten für Friesen” yn de wjeraksel fan de RUG om in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Dat it in hiel domme útspraak fan de JFM wie is wis, mar ik sjoch it mear as in “slip of the tongue” en net as in utering fan antysemitisme.
By einsluten kriget It Nijs in feech. De Ried fan de Fryske Beweging soarget neffens Mulder foar in “grimmige” sfear troch syn stribjen nei emansipaasje fan it Frysk. Nee, dan it stribjen fan Mulder syn “leafdespoppe”, de Brede Maatskiplike Dialooch (BMD). Al jierren is Mulder dwaande mei syn stifting in BMD ta stân te bringen oer de takomst fan it Frysk. Hy besiket dêr de polityk foar waarm te krijen, mar nettsjinsteande moaie wurden fan deputearre Sietske Poepjes is dat projekt noch net fierder kommen as in proefprojekt yn Oentsjerk. Dat proefprojekt wurdt troch Mulder sjoen as in grut sukses, in reden foar in Taalfeestje in wike of wat lyn by de oanbieding fan it ferslach oan Poepjes foar in groep pommeranten. Om dat projekt troch de provinsje út te rôljen soene smiten euro’s nedich wêze. Ik tink dat dat jild better bestege wurde kin oan goed Frysk ûnderwiis yn stee fan oan in dizige BMD.
Jehannes Elzinga
Frjentsjer
De Ljouwerter krante hat noch nea safolle Frysk brûkt as hjoed-de-dei. Soks wie wolris oars. Dat ik hâld it op. As de foks dominy is, mei de boer syn guozzen wol neigean.
[Dêr moast foar my ek it wurdboek by.]
Skansearjen graach brûke, it oare wurd is in dialekt fan it Frysk.