Foarjiersfakânsje yn Natuermuseum Fryslân

febrewaris 25, 2023 09:36

It Natuermuseum Fryslân stiet yn ’e krookjefakânsje lykas wenst is yn it teken fan ‘Help pake en beppe de fakânsje troch’. Bern kinne de oerpake fan de T. rex moetsje, mei sjen by it wurk fan in echte paleontolooch en oan ferskillende dino-wurkateliers dwaan.

Foto: Natuermuseum Fryslân

De noardlike fakânsjewike begjint mei it Geologysk wykein. Spesjaal dêrfoar hat de GEA-Kring Fryslân de oerpake fan de T. rex nei Ljouwert helle: de sauriërs út Winterswyk. Sa’n 240 miljoen jier lyn lei Winterswyk yn in ûndjippe see dy’t geregeld drûch foel. De wrâld seach der doe folslein oars út. De stiengat fan Winterswyk, it iennige yn Nederlân dat noch aktyf eksploitearre wurdt, fertelt dêr mear oer. Geologen fine dêr al tsientallen jierren fossilen fan sauriërs, de foarfaar fan dino’s as de T. rex. Yn it iepen atelier is in lytse útstalling oer dy sauriërs te sjen. De wurkgroep Muschelkalk út Winterswyk jout tekst en útlis en lit sjen hoe’t se dêr de fossilen preparearje.

Nothosauruskop mei samling bonken (boarne: Natuermuseum Fryslân)

Anarosaurus heterodontus (boarne: Natuermuseum Fryslân)

Yn it Geologysk Wykein litte leden fan de GEA-Kring Fryslân sels ek harren moaiste fynsten sjen: mineralen, swerfstiennen en fossilen. It is ek mooglik om mineralen, fossilen of swerfstiennen te keapjen. Fierder wurde der foar bern ferskate aktiviteiten organisearre, lykas fossilen út gips hakke. Der jildt dit wykein in spesjale yntreepriis fan € 5 de persoan, de ûnderwettersafary net ynbegrepen. De sauriërs binne ek nei it Geologysk Wykein yn it museum te sjen.

Moetsje in dino-ekspert
Moandei 27 febrewaris komt dino-ekspert Yasmin Grooters nei it museum om yn it iepen atelier oan dinobonken te wurkjen. Yasmin, dy’t as paleontolooch oan Naturalis yn Leien ferbûn is, holp mei by de opgraving fan in keppel Triceratops yn Amearika. Bern meie har fan alles freegje en se fertelt graach oer har spannende wurk.

Wurkateliers
Yn ’e krookjefakânsje wurde der fierder ferskillende wurkateliers oer T. rex in Town organisearre, lykas dino’s skilderje en ‘In paleontowattus???’ oer it wurk fan in dino-deskundige. Datums en tiden binne op de webside werom te finen.

Yn ’e krookjefakânsje is it museum o/m 5 maart alle dagen fan 10.00 oant 17.00 oere iepen, dus ek de moandeis. Fan tiisdei 28 febrewaris o/m freed 3 maart jildt de aksje ‘Help pake en beppe de fakânsje troch’. Bern krije dy dagen fergees tagong (Underwettersafary net ynbegrepen) op fertoan fan pake of beppe (of in oare folwoeksene).

It adres fan Natuermuseum Fryslân is Schoenmakersperk 2, Ljouwert, telefoan 058 233 22 44.

febrewaris 25, 2023 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.