FNP: Optochten en doarpsfeesten fertsjinje stipe

febrewaris 21, 2023 08:45

Optochten mei fersierde weinen soargje foar in soad wille yn ús Fryske doarpen. Minsken binne al moannen earder yn it spier mei de tariedingen fan de optochten en it bouwen fan de weinen. De optochten sels lûke faak tûzenen minsken nei de doarpen ta. Mei in ferskraaljend foarsjenningsnivo binne it krekt dy saken dy’t it libben kleur jouwe.

Foto: pixabay.com

Dizze wike kaam yn it nijs dat ferskate doarpen yn Fryslân ophâlde mei optochten, omdat der hieltyd mear noed is oer in tanimmend tal regels. Dêr boppe-op komt de noed oer de oanspraaklikheid fan de organisatoaren fan doarpsfeesten. Yn hast alle gefallen binne dat frijwilligers dy’t mei-inoar moaie dingen op poaten sette foar ús mienskip. It oanfreegjen fan fergunningen, it foldwaan oan wet- en regeljouwing, mar ek it regeljen fan fersekeringen by eveneminten is in tige drege put wurden, dêr’t net elke frijwilliger langer nocht oan hat. It soe tige spitich wêze as dêrtroch de leefberens yn ús doarpen en stêden ferskralet.

Earder hat de FNP him mei in ‘meldpunt bedrige doarpstradysjes’ hurd makke tsjin trochsleine regeljouwing fan de kant fan de oerheid en it faai stean fan tradysjes. Doe is der troch ferskate gemeenten ek aksje ûndernommen. Sa giet de gemeente Noardeast-Fryslân no soepeler om mei regeljouwing by optochten mei fersierde weinen en is yn Waadhoeke evenemintebelied kommen dat rekken mei de lokale situaasje hâldt.

De FNP komt no wer yn aksje. Net allinnich provinsjaal, mar ek yn tal fan gemeenten wurde dizze wike fragen steld. Bygelyks yn Tytsjerksteradiel, De Fryske Marren, Ljouwert en op It Hearrenfean.

Taheakke: skriftlike fragen FNP oer regeldruk doarpsfeesten.

febrewaris 21, 2023 08:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.