Fleisfrettende baktearje

febrewaris 4, 2023 08:00

De ôfrûne moannen binne der in oantal jongfolwoeksenen mei in ynfeksje fan in fleisfrettende baktearje yn it akademysk sikehûs UMCG te Grins opnommen. Deasiik, mei sa’n minne kondysje, dat se moasten fuortendaliks nei de IC (yntinsive soarch) ta en mannichien oerlibbe it net.

Wy hawwe it hjir net oer minsken boppe de tachtich jier, mar oer bygelyks tritigers sûnder ûnderlizzende sykten lykas sûkersykte, brânwûnen, slimme ûngelokken of foarmen fan kanker. Se brûkten ek gjin medisinen dy’t de wjerstân ferminderje.

Boarne: Wikimedia Commons/Morphx1982 – CC BY-SA 4.0

Yn it boppesteande giet it net allinnich oer in ynfeksje fan de hûd, mar ek fan de laach derûnder lykas spieren en it bynweefselflues, dy’t benammen feroarsake wurdt troch de streptokokbaktearje fan groep A ( S Pyogenes). Mar dizze nekrotisjearende ûntstekking kin ek it gefolch wêze fan oare baktearjes lykas de stafylokok of clostridium.

It probleem is net allinnich ûntstekking fan de hûd (sellulitis) mar hiel rappe nekrose (ferrotting) fan de djippere dielen. Dêrtroch kin fia de bloedsomrin it hiele lichem siik wurde, mei as gefolch dat ferskillende organen lykas longen, lever, nieren en spieren en weake dielen yn harren funksje oantaast wurde. Dan prate we al gau oer in sepsis (bloedfergiftiging) en kinne pasjinten by in te lette behanneling rap stjerre.

It nije is dat der net altyd earst in ynfeksje fan de hûd of in wûne hoecht te wêzen. Der binne ek gefallen fan alderearst in longûntstekking mei de streptokok. Yn it gefal fan in ynfeksje fan in wûne kin men faak de gasbellen fan it kâldfjoer fiele yn dat gebiet en wit men eins genôch, mar der wurdt faak noch in CT-scan makke om der wis fan te wêzen.

Betiid en wiidweidich sjirurgysk ûndersyk, mei it weisnijen fan it ferrotte weefsel, is fansels de wichtichste behanneling fanwegen de progressy fan de sykte, mei dêrnjonken fansels antibioatika. Mar ienkear op de IC hat in pasjint mear nedich om te oerlibjen lykas beäzeming en oare maatregels om de funksjes fan organen en it lichem te stypjen.

Nettsjinsteande dat is it stjertepersintaazje as gefolch fan de fleisfrettende baktearje tige heech lykas koartlyn by de pasjinten yn Grins. Se stoaren soms wol binnen ien dei neidat se op de IC opnommen wiene.

Matthijs Verkuijl

febrewaris 4, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.