Filmfertoaning ‘An Cailín Ciúin’ op Memmetaaldei 21 febrewaris 2023
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- YouTube heft blokkade âld-presidint Trump ek op 0
Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei op tiisdeitejûn 21 febrewaris fertoane it Europeesk Buro foar Lytse Talen, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film de Iersktalige film An Cailín Ciúin.

Boarne: Inscéal/Break Out Pictures
Caít (9) is in wat stil famke yn in grutte húshâlding, dêr’t se net folle oandacht kriget. As har mem wer in lytsen kriget, wurdt Caít ûnderbrocht by fiere famylje. Séan en Eibhlin Cinnsealach binne hiel aardich foar Caít en it famke bloeit op, mar dochs is der ek in gefoel fan driging…
Iersktalich sukses
It is in hertferwaarmjende film, mei in moai ferhaal en treflike aktearprestaasjes fan de haadrolspilers. An Cailín Ciúin (it stille famke) is de earste spylfilm fan de regisseur Colm Bairead. Net allinne hat de film hiele goede kritiken krige en folle sealen lutsen yn Ierlân, de film hat it ynternasjonaal ek goed dien. Sa wie er de earste Iersktalige film op de Berlinale en gie er fuortendaliks mei ien fan de bearen nei hûs. Boppedat is An Cailín Ciúin ek de alderearste Iersktalige film dy’t nominearre is foar in Oscar.
Ynternasjonale Memmetaaldei
It is alwer de njoggende kear dat it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) yn de mande mei Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) en Slieker Film dokumintêres of films oer en mei taalminderheden presintearje. Dat bart mei de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris, in inisjatyf fan de Feriene Naasjes dat taalferskaat en meartaligens yn it sintsje set. It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy’t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamintsk.
De filmfertoaning is op tiisdei 21 febrewaris om 20.00 oere yn Slieker Film, oan it Wilhelminaplein yn Ljouwert. Kaarten binne te bestellen by Slieker foar € 11,-.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje