Fergeze famylje-aktiviteiten yn Prinsessehof en Frysk Museum yn ’e krookjefakânsje
Resint ferskynd
Yn ’e krookjefakânsje is der yn ’e Fryske musea foar bern wer fan alles te dwaan.
Feest yn it Prinsessehof
Fan tiisdei 28 febrewaris oant en mei freed 3 maart is it Keramykmuseum yn Ljouwert ekstra nijsgjirrich foar húshâldingen. Yn de útstalling Feest! is yn ’e kunde te kommen mei de ferskillende fieringen dy’t Nederlân ryk is. Bern kinne ek oanskowe by it wurkatelier en mei in selsmakke karnavalsmasker oan ’e slach gean. De tagong en de aktiviteiten binne foar bern oant achttjin jier fergees. Sjoch foar mear ynformaasje op princessehof.nl/kinderen.

Foto: Ruben van Vliet
Untdek de midsiuwen
Yn it Frysk Museum yn Ljouwert komme húshâldingen troch in spannende speurtocht yn ’e kunde mei de midsiuwen en kinne se yn it fergeze famyljewurkatelier fantasijfûgels meitsje. Bern hawwe altyd fergees tagong en foar folwoeksenen kostet in kombykaart tweintich euro (ynstee fan tritich euro). Sjoch foar mear ynformaasje op friesmuseum.nl/kinderen.

Foto: Ruben van Vliet
Museumkids
Yn ’e rol fan berneynspekteur is in besite oan musea foar bern noch aardiger. Hja meitsje notysjes by de besite en litte harren ynspeksje efter op museumkids.nl. Mei in ynfolle ynspeksjerapport meitsje bern kâns op in ferrassingpakket. Sjoch op de webside foar de betingsten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje