Feie Fonyk: Begripend lêzen begjint mei begryplik skriuwen
Resint ferskynd
Kollum
Tsien jier lyn hat de Underwiisynspeksje foar it lêst in grut ûndersyk dien nei de lêsfeardigens fan Nederlânske bern. Yn ferliking dêrmei foelen de resultaten ôf. Nederlân sakket al jierren op de ynternasjonale ranglist as it giet om basisfeardigens lykas rekkenjen en lêzen. Yn de lêste Pisa-stúdzje hellet 24 prosint fan de 15-jierrigen net it minimumlêsnivo. Ut ûndersyk blykt dat mar de helte fan de bern oan de ein fan de basisskoallejierren it minimale nivo hellet dat nedich is om teksten goed begripe te kinnen. Dat stiet yn in ynspeksjerapport fan desimber ôfrûne jier.
Ik tink dat der mei de komst fan de telefyzje en benammen mei de komst fan de kompjûter en de mobile telefoan folle minder lêzen wurdt as fyftich jier lyn. Dat liket my de wichtichste oarsaak.
Der is wol in soad omtinken foar lêsfeardigens. Op de basisskoalle stean boeken foar swakke lêzers, sels hiele rigen. De ûnderwiisynspeksje kontrolearret oft skoallen genôch enerzjy stekke yn de begelieding en oanpak fan bern dy’t muoite hawwe mei it lêzen. Mei moderne lêsmetoaden leare de bern saneamde ‘lêsstrategyen’: diagrammen en ûnderdielen lykas hokker soarte fan tekst oft it is, wêr giet it oer, kies út it earste diel in wichtige sin.
Wy hawwe de jierlikse berneboekewike, de Stichting Lezen, literatuerprogramma’s, skoallen nimme de bern mei nei de biblioteek en besykje it lêzen op alle mooglike manieren te stimulearjen. Mar út ûndersyk blykt dat in soad mbû-studinten dochs in twiveleftich taalnivo hat en muoite mei it begripen fan teksten dy’t net al te maklik binne. Guon skoallen foar fuortset beropsûnderwiis lûke de konklúzje dat it mis gie yn it basisûnderwiis. De basisskoalle hie mear tiid oan taal en lêzen besteegje moatten.
It hat lykwols gjin doel om hieltyd nei de oarsaak yn it ûnderwiis te sykjen. Ek al soene de skoallen de hiele dei oan taal en lêzen besteegje, soe it bliken dwaan dat guon learlingen in drege tekst net begripe. Wy moatte dêrom akseptearje dat it ek mei alle ynspanningen net mooglik is om elkenien op in heger lêsnivo te krijen.
Dat hâldt yn dat gemeenten, minsken yn de soarch en de publike sektor harren bêst dwaan moatte om drege saken ienfâldich út te lizzen en ree wêze moatte om minsken te helpen dy’t it dan noch net begripe. Teksten dy’t bedoeld binne foar kwetsbere groepen yn ús maatskippij moatte sa ienfâldich mooglik wêze. Gelokkich hat it Ryk alris besletten dat de tekst fan formulieren yn begryplik Nederlânsk skreaun wurde moat. Begripend lêzen is lestich, mar ek begryplik skriuwe is net maklik.
Yn Fryslân hawwe wy mear ferlet fan teksten yn ienfâldich én geef Frysk, Feie fij!