Feestlik jûnsprogramma foar studinten yn it Frysk Museum
Resint ferskynd
Jongelju organisearje foar generaasjegenoaten op freedtejûn 3 maart in aaifol programma yn it Frysk Museum.

Foto: David Vroom
Der kin fan alles ûntdutsen wurde oer duorsumens en de takomst fan it Fryske lânskip yn Fertile Grounds. Der kin in ûntdekkingsreis makke wurde troch de útstalling Petrit Halilaj mei in teätrale rûnlieding, makke troch studinten. De besikers kinne de striid oangean mei oare groepen en feten útfjochtsje yn Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer, of har ferrasse litte troch de bysûnderste films mei it filmkarrûsel fan Slieker Films.
In kaartsje kostet fiif euro, dat is mei ynbegryp fan in wolkomstdrankje. Reservearje kin online en mear ynformaasje is te finen op friesmuseum.nl/studentenavond.
Yn groepen ûntdekke studinten it museum oan ’e hân fan in bûnt en ynteraktyf programma, makke troch minsken fan deselde âldens. De jûn stiet folslein yn it teken fan ‘lit keunst ta libben komme’. Dielnimmers dy’t mei freonen komme, wurde – as se dat wolle – mei-inoar yn in groep yndield. Foar wa’t allinnich komt, is dit in poerbêste gelegenheid om nije minsken te moetsjen.

Foto: David Vroom
Programma
19.00 oere: Oanfang, start mei in wolkomstdrankje;
19.30 oere: Start rûnliedingen en aktiviteiten yn trije omgongen;
23.00 oere: Ofslutende buorrel (op eigen kosten).
De studintejûn wurdt organisearre troch Corrie Bansema, studint dosint teäter oan NHL Stenden, yn gearwurking mei jongereinplatfoarm Claim Your Future.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje